Pre-Code (Hollywood)
Pre-Code (útspr.: [pri:'koʊd], likernôch: "prii-kood"; Ingelsk foar "foarôfgeand oan 'e Koade") wie yn 'e skiednis fan 'e Amerikaanske filmyndustry fan Hollywood de relatyf koarte perioade tusken de yntrede fan 'e lûdsfilm yn 1929 en de ynstelling fan strang tafersjoch op it neilibjen fan 'e sinsuerregels fêstlein yn 'e Motion Picture Production Code yn 1934. Yn 'e tuskenlizzende perioade namen regisseurs en produsinten beskate frijheden op it mêd fan neakenens, seks, geweld en oare kontroversjele ûnderwerpen. Dêrtroch binne de films dy't tusken 1929 en 1934 yn Hollywood produsearre waarden, foar in grut part fan in oar kaliber as de films fan nei 1934. Neffens hjoeddeistige mjitstêven binne de films út it Pre-Code-tiidrek sa yntein en nuet as wat, mar yn dy tiid sprieken hiel wat minsken der skande fan.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Code, yn 'e folksmûle de 'Hays Code' neamd, wie in betinksel fan 'e fromme presbyteriaan Will H. Hays, in eardere postmaster-generaal en foarsitter fan it Republikeinsk Nasjonaal Komitee, dy't yn 1922, nei in stikmannich stomme films dy't derop ôf wiene en in pear skandalen yn 'e priveesfear fan bekende akteurs dy't breed útmetten wiene yn 'e media, troch de grutte filmstudio's oansteld wie om it imago fan Hollywood te rehabilitearjen. Hoewol't syn Code al yn 1930 fan krêft waard, bestie der oarspronklik gjin tafersjoch op it neilibjen derfan, en pas mei yngong fan 1 july 1934, doe't de Production Code Administration (PCA) oprjochte waard, kaam sok tafersjoch wier fan 'e grûn. Foar dy tiid waard de ynhâld fan films mear beheind troch pleatslike regeljouwing, de smaak fan 'e grutte studio's en de publike opiny, as troch de Hays Code, dy't troch de filmmakkers fierhinne negearre waard.
Filmwizânsjes yn it Pre-Code-tiidrek
bewurkje seksjeIt gefolch wie dat yn guon films út 'e ein fan 'e 1920-er jierren en it begjin fan 'e 1930-er jierren eleminten foarkamen lykas seksuële taspilings, froulike promiskuïteit, oerhoer, prostitúsje, abortus, yllegaal drugsgebrûk, romantyske relaasjes tusken blanken en swarten, mylde flokwurden, rou geweld en homoseksualiteit. Sokke ûnderwerpen soene nei de ynstelling fan tafersjoch op 'e Code folslein útband wurde en pas desennia letter wer oan bod komme yn Amerikaanske films.
Sterke froulike personaazjes, dy't harren seksualiteit brûke om op te klimmen yn 'e maatskippij, kamen yn it Pre-Code-tiidrek in protte foar, bgl. yn films as Female, Baby Face en Red-Headed Woman. Aktrises as Jean Harlow, Barbara Stanwyck en Joan Blondell leine de grûnslach foar harren karriêres mei sokke rollen. Yn musicalfilms oer de opfiering fan musicals koene sênes opnommen wurde fan 'e (kreaze) sjongsters fan it koar wylst se oan it repetearjen wiene yn klean dy't net bedoeld wiene om troch manlju sjoen te wurden, of wylst se har backstage oan it ferklaaien wiene.
Aktrises wiene soms sels hast neaken te sjen op it wite doek, lykas Maureen O'Sullivan (as Jane) yn Tarzan and His Mate en Dolores del Río yn Bird of Paradise. Yn dy tiid wie neakenens oer it algemien net talitber as it om 'beskaafde' (lês blanke) froulju gie, mar wol as it om 'ûnbeskaafde' (d.w.s. net-blanke) froulju gie. Regisseur Deane Dickason griep dat oan om yn septimber 1932 de kwasy-neakenfotografyske dokumintêre Virgins of Bali te publisearjen, oer in dei yn it libben fan twa Balineeske teenagefamkes. Yn 'e ynlieding ta de film waard útlein dat Balineeske froulju (doe) ornaris topless omrûnen, útsein as se seremoniële plichten útfiere moasten. Histoarikus Thomas Doherty murk letter drûchwei op dat, "lokkigernôch foar Dickason", de beide haadpersoanen fan syn dokumintêre frijwol gjin seremoniële plichten hiene. Virgins of Bali berikte in ûnbidige populariteit mank it Amerikaanske manlike filmpublyk en wie der ferantwurdilik foar dat it eilân Baly (doe noch yn Nederlânsk-Ynje) in populêre toeristyske bestimming waard.
Oare filmmotiven út it Pre-Code-tiidrek wiene snoade personaazjes dy't profyt fan harren minne dieden ûnderfûnen, ynstee fan dat se har fertsjinne lean krigen. Gewelddiedige kriminelen yn gangsterfilms as The Public Enemy, mei James Cagney, Little Caesar, mei Edward G. Robinson, en Scarface, mei Paul Muni, waarden ôfskildere as heldhaftich ynstee fan kweadaardich. Noch skandaliger waard doedestiden it idee fan ynterrasiale seks fûn, dat yn films as Africa Speaks brûkt waard om publyk te lûken. As portrettearrings fan histoaryske omstannichheden binne sokke films fan nul en gjinderlei wearde, mar as tiidsbylden dy't de hâlding fan 'e filmyndustry fan Hollywood foar dat ûnderwerp oer registrearje, binne se tige ferhelderjend. Sa draaide de film The Blonde Captive, út 1931, wêryn't in blondhierrige blanke frou ûntfierd wurdt troch in barbaarske stamme fan Australyske Aborizjinals, net om 'e ûntfiering, mar om it as skandalich beskôge feit dat se it nei ferrin fan tiid oangenaam fynt om by de stamme te libjen.
Inkele films yn it Pre-Code-tiidrek wiene yn it toanen fan net-blanken har tiid sels fier foarút. Yn dy tiid en lang dêrnei waarden swarten ôfskildere as dom, loai en lef, Eastaziaten as snoad en boasaardich, en Yndianen as barbaarsk en wreed. Yn Massacre, út 1934, is de protagonist (spile troch Richard Barthelmess) lykwols in Yndiaan dy't mei mokassins, fearretoai en learene kledaazje yn in Wyldwestshow optreedt, mar him neitiid omklaait yn in trijedielich pak en aksintleas Amerikaansk-Ingelsk sprekt. Hy hat boppedat in swarte butler dy't a-typysk yntelligint is en inkeld de stereotype 'ûnnoazele neger' spilet as it him sa útkomt.
Ein fan it Pre-Code-tiidrek
bewurkje seksjeOan 'e ein fan 1933 begûn de Roomsk-Katolike Tsjerke yn 'e Feriene Steaten in kampanje tsjin wat troch de tsjerke-autoriteiten sjoen waard as de ymmoraliteit fan 'e Amerikaanske filmyndustry. Yn 'e earste helte fan 1934 boaze dat allinne noch mar oan. Dy kampanje foel gear mei in oername troch de Amerikaanske oerheid fan 'e filmsinsuer en mei de publikaasje fan wittenskiplik ûndersyk dêr't út liek te bliken dat it sjen fan 'ymmorele' films ta 'ymmoreel' hâlden en dragen fan it filmpublyk liede koe. Sa ûntstie der genôch druk op 'e filmstudio's dat se úteinlik wol omlyk woene, en har deljoegen ûnder de oprjochting fan 'e Production Code Administration (PCA), dy't tenei de Hays Code strang tapaste en alle films ferbea dy't dêr net oan foldiene.
-
Claudette Colbert lûkt har rok op om in lift te krijen yn It Happened One Night (1934), nei't dat Clark Gable mei de tomme net slagge is.
-
Yn Murders in the Rue Morgue falt it skaad fan 'e hân fan in aap oer it gesicht fan in sliepende Camille (Sidney Fox). Wat folget is wol in gefal fan 'yntersoartlike rasseferminging' neamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |