Protestantske tsjerke fan Hegersmilde

De Protestantske tsjerke fan Hegersmilde is de eardere Herfoarme tsjerke en hjoeddedei de tsjerke fan de PKN-gemeente. De as wettersteatstsjerke boude tsjerke is sûnt 1995 in ryksmonumint.

Protestantske tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Hegersmilde
adres Rykswei 179
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1845
boustyl Neoklassisisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 482947 [1]
offisjele webside
Side PKN Hegersmilde

De PKN-gemeente Hegersmilde is ûntstien út in fúzje fan de Herfoarme gemeente en de Grifformearde tsjerke. De fúzjeakte waard op 7 desimber 2008 tekene. Yn it ramt fan de fúzje waard oan de efterkant fan de tsjerke it moderne tsjerklike sintrum 'De Schakel' oanboud.

 
Ynterieur

De tsjerke waard yn 1845 as ienfâldige sealtsjerke boud foar de Herfoarme gemeente fan Hegersmilde. It bouwurk telt fjouwer traveeën ûnder in sealtek en wurdt noardwestlik trijesidich ôfsletten. Boppe de súdeastlike gevel is in iepen spitske set. Fan de wei oant de dûbele tagong fan de tsjerke rint in dykje mei oan wjerskanten in rige monumintale linebeammen.

It ynterieur wurdt oerkape troch in houten tonferwulft.

It hjoeddeiske oargel waard yn 1913 boud troch M. Vermeulen foar de Grifformearde tsjerke fan Mearum. Yn 1961 ferhûze it oargel nei de Grifformearde tsjerke fan Hegersmilde. Om't de PKN-gemeente wol mei ien gebou ta koe waard de Grifformearde tsjerke te keap set, mar it oargel waard yn 2012 troch Mense Ruiter restaurearre en wer opboud yn de eardere Herfoarme tsjerke. It âlde oargel fan de Herfoarme tsjerke wie in ynstrumint út 1964 fan de firma H.J. Vierdag, dat yn 1970 troch dy oargelbouwer yn Hegersmilde opboud waard en yn 2012 trochferkocht waard oan de Nij-Apostoalyske tsjerke fan Arnhim.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: