In ranchería of rancherío (mei de klam op 'e i) is in Spaanske oantsjutting foar in lytse delsetting op it plattelân. Yn Noard- en Súd-Amearika waard dizze term op in stuit inkeld noch brûkt foar Yndiaanske doarpen en foar de wenten fan 'e feinten op in ranch (grutte feehâlderij). Beide betsjuttings waarden yn it Amerikaansk-Ingelsk oernommen, wêrby't yn 'e regel ferwiisd waard nei it bewenningskompleks fan in rancho yn Kalifornje en it Amerikaanske Súdwesten, dêr't de Yndiaanske arbeiders en harren gesinnen taholden.

In Wajû-ranchería yn noardlik Kolombia.

Yn Spaansktalich Latynsk-Amearika is de term hjir en dêr ek noch yn gebrûk; sa neame de Wajû fan noarlik Kolombia harren doarpen rancherías. Yn Kalifornje wurdt mei 'ranchería' tsjintwurdich ferwiisd nei yn totaal 59 Yndiaanske delsettings dy't by wize fan Yndianereservaten foar it meastepart tusken 1906 en 1934 stifte waarden foar de restanten fan 'e Yndianestammen fan it sintrale en noardlike part fan 'e steat.

Mei de goudsikers dy't earder dielnommen hiene oan 'e Kalifornyske Goudkoarts migrearre it wurd letter troch de Goudkoarts fan Fraser Canyon nei it noarden ta, dêr't it yn it Kanadeeske Britsk-Kolumbia noch altyd bestiet yn 'e ferbastere foarm rancherie, in wat argaysk mar op it plattelân likegoed noch altyd brûkte oantsjutting foar de wenkearnen fan Yndianereservaten. In noch fierder ferbastere foarm, The Ranche, waard foarhinne brûkt as namme foar de troch de Tlingit bewenne wyk fan 'e stêd Sitka, yn Alaska.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.