Ratatette is in kabaretploech. De groep is ûntstien út it iepenloftspul yn Jorwert fan 1982. Der wurdt spile yn doarpshuzen, yn skouboargen en kafees foar in breed publyk.

Earste regisseur wie Tryater-regisseur Romke Toering. Doe't Romke en Jaap in soad fuort wiene mei Tryater waard it nei twa programma's stil om Ratatette. Nei de nije start mei waard Marijke Geertsma regisseuze.

Yn Ratatette hawwe meispile: Arjen Toering, Bert Sinnema (muzyk), Doede Veeman (tekst en muzyk), Henk van Wieren, Herman Peenstra, Hette van der 'Wal, Jaap Oosterwyk, Janke Singelsma, Jeltsje de Boer.

Teksten waarden skreaun troch Meindert Bijlsma, Klaas Jansma, Simy Sevenster, Sytse Singelsma, Bonne Stienstra en Baukje Wytsma.

  • It Grytte Grynd (2003)
  • In heale marathon op platfuotten (1997)
  • Skeane Ein & co (1993)