Rekjar
Rekjar of Rechiar (nei 415[1] - desimber 456) wie in Suëvyske kening fan 448 oant syn dea. Hy is de skiednis yngien as earste katolike kening fan de Suëven. Nettsjinsteande dat er katolyk wie, omskreau Hydatius, biskop en skriuwer út Galysja, yn dy tiid en ienige primêre boarne oer it libben fan Rekjar, him as in barbaar mei amper kennis fan de Romeinske wetten, -kultuer of -gewoanten.
Godstsjinst
bewurkje seksjeRekjar, dy't grutbrocht waard mei it heidenske leauwen, lit him noch foardat er ta kening kroane wurdt, bekeare ta it katolike leauwen. Dat wie in unikum omdat it grutste part fan de Germanen heidensk wiene of harren bekeare litte hiene ta it Ariaanske kristendom.
Rekjar boaske mei in Fisigoatyske prinsesse, de dochter fan Diderik I en oanhingster fan it ariaanske leauwen. Dat houlik wie net geunstich foar de katolike tsjerke, om't troch persoanlike ynfloed fan de keninginne waard it Suëvyske folk ta it ariaanske kristendom bekeare, yn stee fan it katolike kristendom. Rekjar hat der fierder neat tsjin ynbrocht om de katoliken te befoardieljen.
Bewâld
bewurkje seksjeRekjar wie krêftich genôch om yn it Romeinske ryk in eigen koers te farren. As earste Germaanske kening hat er munten slaan litten mei de eigen namme derop: ivssv rechiari Reges. [2] Dêrmei liet er witte dat it troch him behearske gebiet gjin part mear fan it Romeinske ryk wie. De Romeinske bestjoerslaach waard troch him oan de kant skood en it Romeinsk rjocht waard net langer mear hanthavene. De stêd Braga makke er haadstêd fan syn keninkryk.
Oarloggen
bewurkje seksjeRekjar stie bekend as in kriichshaftige hearsker dy't mei al syn buorren oarloggen fierde. Yn 448, oan it begjin fan syn bewâld, lit er de Romeinske gûverneur fan Spanje Censorius yn Sevilla fermoarde. Hy slút in ferbûn mei de Bagauden en teistert de omkriten fan de Ebro. Febrewaris 449 hâld er in fjildtocht tsjin de Basken yn de Pyreneeën. Dy ekspedysje kin sjoen wurde as in earste besiking fuot te krijen yn de Ebro-delling. Yn 449 besiket hy syn skoanheit yn Galje. Op de weromreis nei Galysje, ferieniget hy him mei Basilius, foaroanman fan de Bagauden, en docht in oanfal op Saragossa yn de Ebrofallei. Hy nimt in protte finzenen, mar slagget net de regio te feroverjen en hiel Spanje yn besit te krijen. De omkrite fan Tarragona, de provinsjale haadstêd fan Spanje bliuwt Romeinsk.
Nei de moard op generaal Flavius Aëtius en de keizers Falentinianus III en Petronius Maksimus yn 455, oermasteret Rekjar de stêd Kartaginiensis. Letter dat jier falt er de provinsje Tarraconensis binnen, de lêste Spaanske provinsje dy't doe noch yn hannen wie fan de Romeinen. It slagget him lykwols net om dy te feroveren. Neffens Jordanes wie er yn de ferûnderstelling, dat er op grûn fan syn famyljebân mei de Fisigoatyske kening Diderik II (syn sweager) en syn jongere broer Risimer (generaal yn it Romeinske leger), yn Spanje syn gong gean koe. Dêrmei makket hy in grutte flater dy't er mei de dea bekeapje moat, want it Romeinske Ryk stjoerd in grut leger op him ôf besteande út Goaten, Franken, en Boergonden. De Suëven wurde tebek ferdreaun en yn de slach by 'Campus Paramus' (de Slach oan de Urbikus) tolve myl fan Astorga by de Urbicus (Órbigo) ferslein. Yn de slach rekket Rekjar slim ferwûne en flecht er fuort nei Porto yn it midden fan syn keninkryk. Der wurdt er finzen nomd en deaslein yn desimber 456. Nei de dea fan Rekjar falt it Suëvyske ryk utien yn elkoar bestridende partijen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Literatuer:
Primêre boarne: Fuotnoat:
|