Fanûatû

(Trochferwiisd fan Republyk Fanûatû)
Republic of Vanuatu
République du Vanuatu
Ripablik Blong Vanuatu
Flagge fan Fanûatû Wapen fan Fanûatû
Flagge Wapen
Lokaasje fan Fanûatû
Offisjele taal Ingelsk, Frânsk, Bislama
Haadstêd Port Vila
Steatsfoarm Republyk
Ynwenners
Munt CFA-frank (XAF)
Tiidsône UTC +11
Nasjonale feestdei 30 july
Lânkoade VAN
Ynternet .vu
Tillefoan 678

De Republyk Fanûatû is in lân yn Oseaanje. Eartiids stie it bekend as Nije Hebriden.

De eilannen dy't by Fanûatû hearre wurde begrinzge:

 
Efate eilân

De arsjipel fan Fanûatû bestiet út 82 eilannen, dêr't tolve fan grutte eilannen binne en santich lytse, foar it meastepart noch aktive fulkanen en koraaleilannen. Troch dy fulkanen is der hieltyd gefaar foar in erupsje, dêr't de lêste fan yn 1945 wie.

De measte eilannen binne bercheftich. De heechste punt fan Fanûatû is de Mount Tabwemasana (1879 meter) op it eilân Espiritû Santo.

Troch de bysûnder moaie tropyske en fulkanyske lânskippen en strannen binne de eilannen populêre toeristyske attraksjes.

Utsein de drûgere eilannen Eromanga en Aneitym yn it suden, is it klimaat tropysk oant subtropysk. Trochsneed falt der om-ende-by 2360 mm rein yn it jier, mar op de noardlike eilannen falt mei 4000 mm folle mear delslach.

In protte eilannen fan Fanûatû wurde al lange tiden bewenne. De earste spoaren fan minsklike bewenning datearre fan 2000 f.Kr.

De arsjipel waard yn 1606 troch de Portegezen ûntdekt en yn 1774 ferkent troch de Ingelske ûntdekkingsreizger James Cook dy de eilannekloft Nije Hebriden neamde. Yn 1906 kamen Ingelân en Frankryk in mienskiplik bestjoer oerien. Sûnt 1980 is Fanûatû in ûnôfhinklike republyk.

It grutste part fan de befolking fan Fanûatû (98,5%) binne ynhiemske Melaneezjers, oaren binne Jeropeanen, Aziaten en minsken dy't fan oare eilannen komme yn de Stille Oceaan.

Der binne trije offisjele talen, te witten: Ingelsk, Frânsk en Bislama. Bislama is in pidgin Kreoolske taal dy't op it Ingelsk basearre is en beynfloede troch it Frânsk en talen út it suden fan Fanûatû. Dêrneist wurde der noch goed hûndert lokale talen sprutsen op de ferskillende eilannen. It oantal talen per haad fan de befolking is in Fanûatû dan ek heger as hokker lân yn de wrâld dan ek en it oantal sprekkers leit per taal trochstrings om 2000 sprekkers. Alle ynhiemske talen binne Austronesyske talen.

It kristendom is de wichtichste religy yn Fanûatû en bestiet út ferskate tsjerkemienskippen. De Presbyteriaanse Tsjerke is dêrfan de grutste mei in tredde fan de befolking as oanhinger. Dêrnei folgje de Roomsk-Katolike Tsjerke en de Anglikaanske Tsjerke, mei elts 15% fan de befolking. Oare kristlike tsjerkemienstkippen binne sândedeisadventisten en de Tsjerke fan Kristus. Troch alle moderne spullen dy't soldaten yn de Twadde Wrâldkriich meinommen, ûntstienen ferskate kargokultussen. Measten hjirfan stoaren út, mar de John Frum kultus op Tanna is noch altyd grut.