Georgje

(Trochferwiisd fan Republyk Georgje)
საქართველო (Sakartvelo)
Flagge fan Georgje Wapen fan Georgje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Georgje
Offisjele taal Georgysk
Haadstêd Tbilisi
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
69.700 km²
-­%
Ynwenners (2004) 4.677.401
Munt Lari (GEL)
Tiidsône UTC +4
Nasjonale feestdei 26 maaie
Lânkoade GEO
Ynternet .ge
Tillefoan 995

Georgje is in lân yn East-Jeropa. De haadstêd is Tbilisy.

Georgje wurdt begrinzge troch:

 
Sicht op de Kaukasus bergen yn Svanetia.

It lânskip fan wurdt foarme troch de Swarte Seekust dy't oergiet yn de Kuraflakte. It klimaat is hjir fochtich subtropysk. It noarden fan it lân wurdt behearsket troch de súdflank fan de Grutte Kaukasus-berchte. It suden makket diel út fan de Lytse Kaukasus. De heechste berch fan Georgje is de Janga (5051 m). Yn it easten lizze boskgebieten dy't oergien yn steppen.

De wichtichste rivieren binne de Riony en de Koera.

Toeristysk attraktyf binne de 15 natuerreservaten, de wintersport- en kuiergebieten, de badplakken Suchumy en Batimy en de histoaryske stêden Kutaisy en Mzcheta.

Wichtichste stêden fan Georgje binne:

 
Grutste plakken fan Georgje

It gebiet fan de twa âlde keninkriken Koltsji en Kartli foarmet rûchwei it gebiet wat no Georgje is. Al yn 'e 4e iuw waard it Kristendom as steats-godstsjinst ynfierd. Iuwenlang hat it lân hast oan ien tried wei beset west, mei de Romeinen, Arabieren, Persen en Turken dy't der baas wienen. Dêrnei kaam de goudene tiid foar Georgje, fan de 11e oant en mei de 13e iuw.

De ynvaazje fan de Mongoalen makke in ein oan de bloeitiid, en wie it begjin fan in nije rige oerhearskers. Nei de Mongoalen kamen de Ottomanen en wer de Persen, oant it lân yn de 19e iuw yn de Russyske ynfloedssfear kaam. Nei in koarte perioade fan ûnôfhinklikens tusken 1918 en 1921, wie op 'e nij Moskou' baas yn Georgje, mei diskear de kommunisten dy't de skepter swaaiden.

Sûnt 1991 is Georgje, foar it earst sûnt de 14de iuw, foar langere tiid ûnôfhinklik. It lân kaam yn dy jierren yn in ekonomyske resesje wat late ta in boargeroarloch. Yn 1995 kaam Eduard Sjeverdnadze oan de macht. De ekonomyske tastân ferbettere net en de korrupsje naam allinne mar ta. Nei swiere protesten fan de befolking yn novimber 2003 gong Sjeverdnadze as presidint ôf. Nije ferkiezings yn 2004 brochten Mikheil Saakasvili oan de macht, en makken dêrmei de Nederlânske Sandra Roelofs de presidintsfrou fan Georgje.

Yn 2008 sette de Russysk-Georgyske Oarloch útein nei in deimannich fjochtsjen yn Súd-Osseesje. De Georgyske troepen besochten dêrby Súd-Osseesje werom te feroverjen, mar dat mislearre en se waarden ferslein troch de Súdosseten en harren bûnsgenoaten, de Russen en de Abgazen.

Der wenje likernôch 4,5 miljoen minsken yn Georgje (2006). Sûnt de ûnôfhinklikens yn 1991 wenje der sa'n miljoen Georgjers om utens.

Georgje is al tige lang in multyetnysk lân. Der binne mear as 26 befolkingsgroepen: 83,8 % fan de ynwenners binne Georgjers, 6,5 % Azerbajaners, 5,7 Armeenjers, 1,5 % Russen, 0,9 % Osseten, 2,66 Abgazen, 0,1 Aramejers en 1,51 % heart by in oare befolkingsgroep sa as de Pontos-Griken, Koerden, Joaden en oaren (folksrûzing 2002).

Jeropeeske Uny  
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykRéunionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
  ·   ·