Grutte alk

(Trochferwiisd fan Reuze-alk)

De grutte alk (Pinguinus impennis) wie mei 75 sm de grutste fûgel út de famylje fan de alkfûgels. Sûnt likernôch 1844 is de soarte lykwols útstoarn.

grutte alk
Opset eksimplaar (Spesimen Nû. 8) yn Kelvingrove Art Gallery and Museum yn Glasgow.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje alkfûgels (Alcidae)
skaai grutte alken (Pinguinus)
Bonnaterre, 1791</small.
soarte
Pinguinus impennis
Linnaeus, 1758
IUCN-status: útstoarn
ferspriedingsgebiet
     likernôge eardere fersprieding
     bekende briedplakken

De grutte alk kaam in grutte oantallen foar op de eilannen oan de eastkant fan Kanada, op Grienlân en yn Yslân, Noarwegen, Ierlân en Grut Brittanje. De grutte alk koe hiel best swimme, mar yn tsjinstelling ta de oare Alkfûgels koe er net fleane. De grutte alk lei mar ien aai yn it jier.

Troch dy stadige fuortplanting, en om't er net fuortfleane koe, wie de soart hiel kwetsber foar de minsken oer. Dy minsken makken lykwols jacht op de fûgels, om it fleis en om it dûns, wat foar matrassen brûkt waard. Op dy wize is de soarte troch de jacht útrûge. It lêste pearke is deamakke op 3 july 1844 op it eilân Eldey foar de kust fan Yslân. Der hat letter noch in melding west fan immen dy't in eksimplaar sjoen hie by Newfoundland yn Kanada.