Riek Landman
Riek Landman (Drachten, 2 febrewaris 1934) is in Frysk skriuwster. Se is hikke en tein yn Drachten, gie dêr nei it lyseum en de rykskweekskoalle. Op har tweintichste kaam se as ûnderwizeresse te wurkjen op De Gordyk, De Haach en Ljouwert. Nei in stúdzje Nederlânsk wurke se oan de Ryksskoallemienskip yn Snits.
Riek Landman | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 2 febrewaris 1934 | |
berteplak | Drachten | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | toaniel, misdie, roman |
Toaniel en kabaret
bewurkje seksjeOp de kweekskoalle die se al mei oan foardrachtwedstriden, letter siet hja yn it De Spinnekop-kabaret fan Roel Oostra en it Selskip Tetman de Vries. Se wie ek ien fan de oprjochters en spilers fan toanielselskip Tryater. Se skreau ek in tal toanielstikken.
Publikaasjes
bewurkje seksjeYn 1988 ferskynde har earste roman, Fuotprinten yn it sân, oer twa plysjefroulju Sigrid den Oudsten en Anke Terpstra. Tusken 1988 en 2005 ferskynden der noch sân boeken yn dizze rige. Mei In sterke frou (1995) sloech Riek Landman oare literêre wegen yn. It gie wol wer oer twa froulju mar yn de foarm fan in psychologyske roman oer in mem-dochter-ferhâlding. Dêrnei ferskynden In echte man (1998) en De oerwinning (2000). Nei 2004 folge noch in trijedielige searje mei autobiografyske eleminten oer trije generaasjes froulju.
Wurk
bewurkje seksje- 1988 - Fuotprinten yn it sân (misdieroman)
- 1989 - Skaden oer de snie (misdiedroman)
- 1990 - Rots yn ’e dize (misdiedroman)
- 1992 - De Bollemanbrieven (misdiedroman)
- 1995 - In sterke frou (4e printinge 2004, Merkel-rige)
- 1996 - It Heerema kristal (misdiedroman)
- 1998 - In echte man
- 1999 - Eilân yn ’e sinne (misdiedroman)
- 2000 - De oerwinning
- 2001 - Voetsporen in het zand (oersetting)
- 2003 - De waarme weelde: leafde en gefaar op it griene eilân Madeira (misdiedroman)
- 2004 - De tiid fan Jentsje
- 2005 - De striid fan Marte (2e printinge 2005)
- 2006 - De leafdes fan Janne
- 2008 - Fammen fan Gaasterlân (Frysk boekewikegeskink)
- 2008 - Liet foar myn jonge
- 2008 - Liet foar myn jonge ( audioboek, foarlêzen troch Hinke Wolthuizen )
- 2010 - Feest mei toaniel
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |