Rjûkjûaanske mûs

De Rjûkjûaanske mûs (wittenskiplike namme: Mus caroli) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte mûzen (Mus), dat ferneamd is nei de Súdjapanske Rjûkjû-eilannen. Nettsjinsteande dat libbet er ek yn Taiwan, Súd-Sina en Súdeast-Aazje (Fjetnam, Laos, Kambodja, Tailân en sintraal Birma). Fierders komt er ek foar op it skiereilân Malakka, yn Maleizje, en op 'e eilannen Sumatra, Java, Madoera en Floares, yn Yndoneezje, mar dêr is er nei alle gedachten in troch de minske yntrodusearre eksoat, al waard dy ûnderstelling yn 2003 yn in ûndersyk troch guon Japanske wittenskippers ûntstriden.

Rjûkjûaanske mûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai echte mûzen (Mus)
soarte
Mus caroli
Bonhote, 1902
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Ut Tailân binne fossilen fan 'e Rjûkjûaanske mûs bekend dy't datearje út it Lette Pleistoseen. It leit yn 'e reden dat "Mus kakhyenensis Anderson 1879" (út 'e Súdsineeske provinsje Yunnan) in âlder synonym is fan "Mus caroli Bonhote 1902".

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De Rjûkjûaanske mûs liket sterk op 'e hartkleurige mûs (Mus cervicolor), mar is justjes dûnkerder brún fan kleur. De bealch is witich. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 7½ sm, mei in sturtlingte fan ek 7½ sm en in gewicht fan goed 11 g. De wyfkes hawwe tsien oeren. It mitogondriaal DNA fan dizze soarte fariëarret sterk tusken de ûnderskate populaasjes, dy't dêrnjonken ek morfologyske ferskillen yn grutte en gewicht fertoane.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.