Haadmenu iepenje

Rodney A. Grant (folút: Rodney Arnold Grant; Macy (Nebraska), 9 maart 1959) is in Amerikaansk akteur en bestjoerder fan etnysk Yndiaansk komôf. Hy waard it bekendst mei de rol fan 'e Lakota-kriger Wind-in-His-Hair yn 'e mei ferskate Oscars bekroande film Dances with Wolves.

Rodney A. Grant
Filmklapper.png akteur
Rodney A Grant.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Rodney Arnold Grant
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 9 maart 1959
berteplak Macy (Nebraska)
etnisiteit Flagge fan de Omaha Stamme fan Nebraska & Iowa.PNG Omaha
jierren aktyf 1988 – no
offisjele webside
n.f.t.

Libben en karriêreBewurkje

JonkheidBewurkje

Grant waard yn 1959 berne yn Macy, yn 'e Amerikaanske steat Nebraska, it haadplak fan it Omaha Yndianereservaat. Hy is in etnyske Omaha-Yndiaan, en in lid fan 'e federaal erkende Omaha Stamme fan Nebraska en Iowa. Hy groeide op yn it Omaha Reservaat, dêr't er grutbrocht waard troch syn pake en beppe nei't syn âlden him mei seis moanne yn 'e steek litten hiene.

KarriêreBewurkje

Yn 1982, doe't er 23 jier wie, ferfear Grant nei súdlik Kalifornje om in karriêre yn 'e filmyndustry fan Hollywood nei te stribjen. Syn earste grutte rol hied er yn 'e film War Party, út 1988. It jiers dêrop hied er in figuranterol as in kriger te pearde yn Powwow Highway. Grant briek yn 1990 troch mei syn rol fan 'e Lakota-kriger Pȟehíŋ Otȟáte (Wind-in-His-Hair), yn 'e mei ferskate Oscars bekroande film Dances with Wolves. Dêryn hied er û.m. Kevin Costner, Mary McDonnell, Floyd Red Crow Westerman en Graham Greene as tsjinspilers.

Oare films dêr't Grant yn spile, wiene û.m. Lakota Moon (1992), Genghis Khan (1992), Geronimo: An American Legend (1993), Stolen Women, Captured Hearts (1997), White Wolves III: Cry of the White Wolf (2000), Ghosts of Mars (2001), Just a Dream (2002) en Genghis Khan: The Story of a Lifetime (2010). Fierders hie Grant ek lytse roltsjes yn 'e komeedzje Wagons East!, út 1994, mei John Candy, en yn it Will Smith-fehikel Wild Wild West, út 1999.

Op 'e tillefyzje spile Grant it Mohikaanske opperhaad Chingachgook yn 'e searje Hawkeye. Teffens hied er gastrollen yn searjes as Due South, Two en Stargate SG-1 (yn 'e ôflevering Spirits). Yn 'e minysearje Son of the Morning Star, út 1991, oer George Armstrong Custer en de nederlaach fan it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint yn 'e Slach oan de Little Bighorn, fertolke Grant de rol fan it ferneamde Lakota-opperhaad Mâl Hynder (Crazy Horse).

PriveelibbenBewurkje

Grant hat fiif folwoeksen bern, wêrfan trije út in earder houlik en twa út ferskillende oare eardere relaasjes. Hy is tige aktyf yn jongereinaktiviteiten en hat bestjoerslid west fan 'e Yndiaanske Advysried foar de Boys and Girls Clubs of America.

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.