Graham Greene (akteur)

Graham Greene (Ohsweken (Ontario), 22 juny 1952) is in Kanadeesk akteur en presintator fan Yndiaansk komôf, dy't sawol op it toaniel, foar de tillefyzje as yn films wurke hat. Hy briek yn 1990 ynternasjonaal troch mei syn rol yn 'e refizjonistyske western Dances with Wolves, dêr't er foar nominearre waard foar in Oscar yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur. Greene spile ek yn films as Thunderheart, Maverick, Die Hard with a Vengeance, The Green Mile, The Twilight Saga: New Moon en Wind River. Hy wûn foar syn wurk twaris, yn 1995 en yn 2004 in Gemini Award. Yn 2015 waard Greene opnommen yn 'e Oarder fan Kanada.

Graham Greene
akteur
Graham Greene yn 1998.
Graham Greene yn 1998.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Graham Greene
nasjonaliteit Kanadeesk
berne 22 juny 1952
berteplak Ohsweken (Ontario)
etnisiteit Oneida
jierren aktyf 1974 – no
prizen Gemini Award 1994, 2004
offisjele webside
Graham Greene op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Greene waard yn 1952 berne yn Ohsweken, it haadplak fan it Seis Naasjes Reservaat fan 'e Irokezen yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario. Hy is in etnyske Oneida, ien fan 'e seis naasjes dêr't de Irokeeske folkegroep út bestiet. Syn âlden wiene John Greene, in ferpleechkundige en ûnderhâldsman, en dy syn frou Lillian. As jongeman wenne Greene yn Hamilton (Ontario). Hy kaam foar it earst mei de entertainmentyndustry yn oanrekking doe't er as lûdstechnikus foar rockbands yn Nijfûnlân wurke. Yn dy tiid stied er bekend ûnder de artystenamme Mabes. Yn 1974 studearre er ôf oan 'e Yndiaanske Teäterskoalle fan it Sintrum foar Yndiaansk Teäter yn Toronto.

Aktearkarriêre bewurkje seksje

Begjinjierren bewurkje seksje

Greene sette syn aktearkarriêre útein as toanielakteur yn Toronto en Ingelân. Syn debút op 'e Kanadeeske tillefyzje makke er yn 1979 yn in ôflevering fan 'e searje The Great Detective. Yn 1983 wied er mei in rol yn Running Brave foar it earst yn in film te sjen. Neitiid spile er yn films as Revolution (1985) en Powwow Highway (1989), en hied er gastrollen yn tillefyzjesearjes as Spirit Bay, The Campbells, Captain Power and the Soldiers of Fortune, Street Legal en 9B.

Trochbraak bewurkje seksje

Yn 1990 fertolke Greene ien fan 'e wichtichste byrollen yn 'e mei withoefolle prizen bekroande refizjonistyske western Dances with Wolves, mei Kevin Costner en Mary McDonnell yn 'e haadrollen. Hy spile Kicking Bird (Lakota: Ziŋtká Nagwáka), in Lakota-kriger dy't freonskip slút mei it personaazje fan Costner, dat in mei in posttraumatysk stress-syndroom oanhelle feteraan út 'e Amerikaanske Boargeroarloch is. Greene briek mei dy rol ynternasjonaal troch, en hy waard derfoar nominearre foar in Oscar yn 'e kategory bêste manlike byrol.

Datselde jiers hie Greene ek in rol yn 'e tillefyzjefilm Lost in the Barrens. Yn 1991 wied er te sjen as Arthur yn 'e film Clearcut en yn in gastrol yn 'e ôflevering Dances with Sharks fan 'e Amerikaanske rjochtbankdramasearje L.A. Law. Yn 1992 hied er in gastrol yn in oar populêr Amerikaansk programma, te witten de detektivesearje Murder, She Wrote, mei Angela Lansbury. Fierders spile er dat jiers ek de (histoaryske) rol fan Ishi, it lêste oerlibjende lid fan it Jahy-folk út Kalifornje, yn 'e biografyske tillefyzjefilm The Last of His Tribe, en wied er mei û.o. Val Kilmer te sjen as de lakonike reservaats-plysje Walter Crow Horse yn 'e dramafilm Thunderheart.

Yn 1992 en 1993 hie Greene ek in weromkearende rol as Leonard yn fiif ôfleverings fan 'e Kanadeeske tillefyzjesearje Northern Exposure. Yn 1993 spile er yn in ôflevering fan North of 60 en yn fjouwer tillefyzjefilms: Medicine River, Spirit Rider, Cooperstown en The Broken Chain, wêrfan't dy lêste gie oer it histoaryske Mohôk-opperhaad Joseph Brant (Thayendanegea), in rol fan Eric Schweig. Fan 1994 oant 1997 hie Greene in fêste rol as Mr. Crabby Tree yn it berneprogramma The Adventures of Dudley the Dragon, dêr't er syn earste Gemini Award foar wûn yn 'e kategory 'bêste optreden yn in berneprogramma of -searje'.

Fan 1994 oant en mei 2006 wie Greene yn njoggentjin ôfleverings fan 'e komeedzjesearje The Red Green Show te sjen yn 'e weromkearende rol fan Edgar K.B. Montrose, in entûsjasteling op it mêd fan eksplosiven. Yn ien ôflevering (seizoen 5, ôfl. 1) wurdt er troch haadpersoan Red Green frege wat er fan 'e film Dances with Wolves fynt. Greene antwurdet dat "dy Yndiaanske keardel [hysels yn 'e rol fan Kicking Bird] bêst goed wie. Hie de Oscar winne moatten. Mar de rest wie om je dea te ferfelen!" Greene hie ek in cameoroltsje yn in ôflevering fan 'e komeedzjesearje Royal Canadian Air Farce. Dêryn spile er in dûanebeämte, dy't yn 'e bagaazje fan 'e Frânske ûntdekkingsreizger Jacques Cartier (spile troch Don Ferguson) sjocht ear't er him trochlit. As Cartier him freget oft er soms yn dy film Dances with Wolves spile hat, antwurdet Greene befêstigjend. Cartier wol dan syn namme witte, wêrop't Greene seit: "Kevin Costner."

Yn 1994 spile Greene yn 'e komeedzjefilm North de Alaskaanske pleechheit fan it jonkje North, yn 'e westernsearje Lonesome Dove: The Series de Yndiaan Red Hawk, en yn 'e komyske westernfilm Maverick, mei Mel Gibson en Jodie Foster, it Yndiaanske opperhaad Joseph. Ek wied er foar de twadde kear te sjen yn in ôflevering fan Murder, She Wrote, en hied er in rol yn 'e film Camilla. Yn 1995 spile Greene in New Yorkske resjersjeur yn 'e aksjefilm Die Hard with a Vengeance, mei Bruce Willis en Samuel L. Jackson. Yn 1996 wied er te sjen yn in ôflevering fan 'e searje The Outer Limits en spile er it Mohikaanske opperhaad Chingachgook yn 'e tillefyzjefilm The Pathfinder.

Yn 1997 spile Greene yn 'e film The Education of Little Tree en de tillefyzjefilm The Hired Heart. Fierders presintearre er dat jiers in dokumintêresearje oer histoaryske misdieden, mei as titel Exhibit A: Secrets of Forensic Science. Hy rekke yn datselde jier lykwols ek wei yn in djippe klinyske depresje, en moast opnommen wurde nei't er in oanfarring mei de plysje hân hie. Hy klaude wer by de wâl op mei help fan Bruce Willis en Samuel L. Jackson, mei wa't er ûnder de opnamen fan Die Hard with a Vengeance befreone rekke wie. Yn 1998 spile er in resjersjeur yn Shattered Image, en yn 1999 wied er te sjen as Jim Bernard yn 'e film Grey Owl, mei yn 'e titelrol as de sabeare Yndiaan Grey Owl de Ierske akteur Pierce Brosnan, mei wa't Greene earder gearwurke hie yn The Broken Chain. Greene spile dat jiers, 1999, ek de rol fan Arlen Bitterbuck, in foar moard ta de deastraf feroardiele finzene, yn it foar in Oscar foar Bêste Film nominearre The Green Mile, mei Tom Hanks, David Morse en Michael Clarke Duncan yn 'e haadrollen.

Lettere jierren bewurkje seksje

Yn 2000 wie Greene te sjen yn in ôflevering fan Big Wolf on Campus en yn 'e film Desire. Hy spile yn 2000 en 2001 de rol fan Michael Nighthorse yn fjouwer ôfleverings fan 'e searje Cover Me, en fertolke ien fan 'e haadrollen yn 'e tillefyzjesearje Wolf Lake (2001-2002), dy't lykwols mar in koart libben beskern wie. Yn 2002 en 2004 hied er in rol yn twa tillefyzjefilms (The New Beachcombers en A Beachcomber's Christmas) dêr't mei besocht waard om 'e langrinnende Kanadeeske soapsearje The Beachcombers nij libben yn te blazen. Greene fertolke (yn 'e rol fan Slick Nakai) mei Adam Beach en Wes Studi ien fan 'e haadrollen yn 'e films Coyote Waits (2003) en A Thief of Time (2004), dy't beide adaptaasjes wiene fan romans fan Tony Hillerman en produsearre waarden troch Robert Redford. Yn 2004 waard Greene ek in twadde Gemini Award takend, yn 'e foarm fan 'e oeuvrepriis de Earle Gray Award.

Yn 2005 spile Greene as Calvin Many Goats the potinsjele frijer fan 'e froulike haadrol yn it komeedzjedrama Transamerica, spile troch Felicity Huffman. Hy wurke ek (as himsels) mei oan in parody op 'e yn 'e Kanada bekende reklame foar pinestillers fan it merk Lakota, dy't yn it tillefyzjeprogramma Rick Mercer Report op 'e tillefyzjestjoerder CBC te sjen wie. Fierders fertolke er yn 2005 de rol fan it Lakota-opperhaad Oerwinnende Bear yn 'e westernsearje Into the West, spile er yn 'e tillefyzjefilms Buffalo Dreams en Spirit Bear: The Simon Jackson Story, en hied er in gastrol yn 'e searje Numb3rs.

Greene presintearre yn 2006 de dokumintêrerige The War that Made America, oer de Frânske en Yndiaanske Oarloch fan 'e midden fan 'e achttjinde iuw, dy't it Noardamerikaanske front foarme fan 'e Sânjierrige Oarloch tusken Grut-Brittanje en Frankryk. Yn 2007 wied er te sjen yn 'e films All Hat, Just Buried en Breakfast with Scot; ek stied er dat jiers op 'e planken yn 'e rol fan Shylock yn 'e opfiering fan it toanielstik De Keapman fan Feneesje fan William Shakespeare op it Stratford Shakespeare Festival. Yn 2008 wurke Greene as stimakteur mei oan 'e tekenfilm Turok: Son of Stone. Yn juny fan dat jier ûntfong er in earedoktoraat fan 'e Wilfried Laurier Universiteit, dy't in kampus ûnderhâldt yn 'e neite fan syn berteplak Ohsweken. Ek wurke er mei in yn 't foar opnommen fertelstim mei oan it iepenloftspul Tecumseh! dat yn Ohio opfierd waard en it ferneamde Sjâny-opperhaad Tecumseh as ûnderwerp hie.

Greene spile yn 2009 Harry Clearwater yn 'e fantasyfilm The Twilight Saga: New Moon. Yn 2010 fertolke er de rol fan Bernie Sprague yn 'e film Casino Jack, en yn 2010 en 2011 hied er in weromkearende rol as dokter Arthur yn 'e tillefyzjesearje Being Erica. Yn 'e folgjende jierren spile er yn films as Chasing Shakespeare (2013), Maïna (2013), Winter's Tale (2014) en The Shack (2017). Hy hie fan 2013 oant 2015 in fêste rol as Rafe McCawley yn 'e searje Defiance, en wie fan 2014 oant 2017 trije seizoenen lang te sjen yn 'e neo-westernplysjesearje Longmire, as Malachi Strand, it haad befeiliging fan in Yndiaansk kasino. Foar dy lêste rol wûn er yn 2016 de RNCI Red Nation Award yn 'e kategory 'treflike byrol fan in akteur'. Underwilens wied er yn 2015 opnommen yn 'e Oarder fan Kanada, dat in keninklike ûnderskieding is (ferlykber mei de Oarder fan Oranje-Nassau yn Nederlân).

Yn 2017 spile Greene de rol fan kommissaris Ben Shoyo, it haad fan 'e Yndiaanske plysje yn it Wind River Yndianereservaat fan Wyoming yn 'e film Wind River. Yn 2018 liende er syn stim oan 'e yn it nau brochte Yndiaanske âldste Rains Fall yn it fideospultsje Red Dead Redemption II. Hy hie dat jier gastrollen yn 'e searjes Riverdale en The Detour en spile ek yn 'e film Through Black Spruce. Yn 2019 hied er de rol fan Littlecrow yn 'e searje Goliath. De film Antlers, dêr't er de rol fan Warren Stokes yn fertolket, is (ein 2019) yn 'e postproduksjefaze en sil yn 2020 útkomme.

Filmografy bewurkje seksje

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1979 The Great Detective ? lyts roltsje; ôfl. The Black Curse
1981 Read All About It John Norton gastrol; ôfl. Journey To Queenston
1986 Spirit Bay Pete "Baba" Green gastrol; 1 ôfl.
1986–1988 The Campbells Irokeesk opperhaad weromkearende rol; 3 ôfl.
1987 Captain Power and the Soldiers of the Future Cherokee ôfl. Wardogs
1987 Street Legal Paulo gastrol; ôfl. Tango Bellarosa
1988 9B Dan Jackson weromkearende rol; 5 ôfl.
1989 Where the Spirit Lives heit fan Komi tillefyzjefilm
1991 L.A. Law David Wauneka gastrol; ôfl. Dances with Sharks
1992 Murder, She Wrote sheriff Sam Keeyani gastrol; ôfl. Night of the Coyote
1992 The Last of His Tribe Ishi tillefyzjefilm
1992–1993 Northern Exposure Leonard weromkearende rol; 5 ôfl.
1993 Medicine River Will tillefyzjefilm
1993 Spirit Rider Vern tillefyzjefilm
1993 Cooperstown Raymond Maracle tillefyzjefilm
1993 North of 60 Rico Nez gastrol; ôfl. The Art of the Deal
nom. Gemini Award foar bêste optreden yn berne- of jeugdprogramma of -searje
1993 The Broken Chain Peace Maker (geast) tillefyzjefilm
1994–1997 The Adventures of Dudley the Dragon menear Crabby Tree weromkearende rol; 17 ôfl.
1994–2006 The Red Green Show Edgar K.B. Montrose weromkearende rol; 19 ôfl.
Gemini Award foar bêste optreden yn in berne- of jeugdprogramma of -searje
1994 Lonesome Dove Red Hawk byrol yn in minysearje; 3 ôfl.
1994 Murder, She Wrote Peter Henderson gastrol; ôfl. Northern Explosion
1994 Royal Canadian Air Farce dûanier "Kevin Costner" gastrol yn in programma mei komyske sketches
1994 Genie Awards n.f.t. presintator priisútrikking
1995 Happily Ever After: Fairy Tales for Every Child opperhaad Brown Bear as stimakteur; gastrol; ôfl. Snow White
1995 500 Nations ferskaat 3 ôfl.
1996 The Outer Limits wapenmaster gastrol; ôfl. The Light Brigade
1996 The Pathfinder Chingachgook tillefyzjefilm
1997 The Hired Heart ? tillefyzjefilm
1998 A Stranger In Town Eddie Lester tillefyzjefilm
2000 Big Wolf on Campus fearbaas gastrol; 1 ôfl.
2000–2001 Cover Me Michael Nighthorse weromkearende rol; 4 ôfl.
2001–2002 Wolf Lake Sherman Blackstone / professor Joseph Duke weromkearende rol; 10 ôfl.
2002 The New Beachcombers Colin Reid tillefyzjefilm
2003 Shattered City: The Halifax Explosion Elijah Cobb byrol yn in minysearje; 2 ôfl.
2003 Coyote Waits Slick Nakai tillefyzjefilm
2004 A Thief of Time Slick Nakai tillefyzjefilm
2004 A Beachcomber's Christmas Colin Reid tillefyzjespecial
2005 Spirit Bear: The Simon Jackson Story dokter Lloyd Blackburn tillefyzjefilm
2005 Into the West Oerwinnende Bear ôfl. Dreams and Schemes
2005 Numb3rs opperhaad James Clearwater gastrol; ôfl. Bones of Contention
2005 Buffalo Dreams John Blackhorse tillefyzjefilm
2007 ' Luna: Spirit of the Whale Bill Louis tillefyzjefilm
2009 Tales of an Urban Indian Adam tillefyzjefilm
2010 The Wild Girl Joseph tillefyzjefilm
2010–2011 Being Erica dokter Arthur weromkearende rol; 5 ôfl.
2013–2015 Defiance Rafe McCawley fêste rol 28 ôfl.
2014–2017 Longmire Malachi Strand weromkearende rol; seizoen 3–6, 12 ôfl.
2018 Riverdale Thomas Topaz gastrol; ôfl. Chapter Twenty-Four: The Wrestler
2018 The Detour Narvin weromkearende rol; 3 ôfl.
2019 Goliath Littlecrow weromkearende rol; 7 ôfl.
2019 Shadow Wolves Nabahe tillefyzjefilm
2021 American Gods Whiskey Jack gastrol; ôfl. 1 fan seiz. 3
films
1983 Running Brave Eddie Mills
1985 Revolution Ongwata
1989 Powwow Highway Fjetnamfeteraan
1990 Dances with Wolves Kicking Bird nom. Oscar foar bêste byrol fan in akteur
1991 Clearcut Arthur
1992 Thunderheart sheriff Walter Crow Horse
1992 Rain without Thunder auteur
1993 Benefit of the Doubt Calhoun
1994 Camilla Hunt Weller
1994 Savage Land Skyano
1994 Maverick Joseph
1994 North Alaskaanske heit
1994 Huck and the King of Hearts Jim
1995 Die Hard with a Vengeance resjersjeur Joe Lambert
1997 The Education of Little Tree Willow John
1997 Wounded Nick Rollins
1997 Exhibit A: Secrets of Forensic Science n.f.t. presintator fan in dokumintêre
1997 Song of Hiawatha O Kagh
1998 Shattered Image resjersjeur
1999 Grey Owl Jim Bernard
1999 The Green Mile Arlen Bitterbuck
1999 Misery Harbour Burly
2000 Desire Connor
2001 Lost and Delirious Joe Menzies
2001 Christmas in the Clouds Earl
2002 Duct Tape Forever Edgar K.B. Montrose
2002 Snow Dogs Peter Yellowbear
2002 Skins Mogie Yellow Lodge
2004 Phil the Alien Wolf
2005 Transamerica Calvin Many Goats
2006 A Lobster Tale sheriff
2007 All Hat Jim Burns
2007 Just Buried Henry Sanipass
2007 Breakfast with Scot Bud Wilson
2008 Turok: Son of Stone sjamaan fan it Ferlerne Lân / âldste #1 as stimakteur
2009 The Twilight Saga: New Moon Harry Clearwater
2010 Casino Jack Bernie Sprague
2010 Gunless Two Dogs cameo
2010 The Legend of Secret Pass pake as stimakteur
2012 The Twilight Saga: Breaking Dawn – Part 2 Harry Clearwater
2013 Chasing Shakespeare Mr. Mountain
2013 Atlantic Rim admiraal Hadley
2013 Maïna Mishte-Napeu
2014 Winter's Tale Humpstone John
2014 Corner Gas: The Movie fisker cameo
2015 Unnatural Buffalo
2017 Wind River Ben
2017 The Shack Male Papa
2017 Molly's Game rjochter Dustin Foxman
2018 Through Black Spruce Leo
2019 Shadow Wolves Nabahe
2021 Antlers Warren Stokes
fideospultsjes
2018 Red Dead Redemption 2 Rains Fall as stimakteur

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.