Roel Nijboer
Roel Nijboer (Oerterp, 31 maaie 1924 - 14 juny 2018) wie in toanielspiler.
Begûn by it Iepenlofttoaniel yn Beetstersweach, ûnder oare yn Romulus de grutte keizer (1961). Yn novimber 1961 begûn er nei swierrichheden binnen it Lyts Frysk Toaniel mei Jeltje Das Durkje Westra en Ymie bij de Ley en oaren in eigen semi-berops toaniel- en kabaretselskip: Selskip Roel Nijboer. It earste stik hjitte De Klokkejitter fan Antoon Coolen, en de lêste Gasljocht (1968). It earste kabaretprogramma Is der ek in dokter yn de seal (mei teksten ûnder oare fan S.J. van der Molen, Piter Terpstra en Rink van der Velde, 1962)
Hy wie mei-oprjochter fan Tryater en spile yn 1968/1969 syn earste gastrol by de Noorder Compagnie (yn Antigone fan Jean Anouilh), dêr't er sûnt 1970 yn fêste tsjinst kaam.
Sûnt 1946 wie Nijboer koster fan de Nederlânsk Herfoarme gemeente yn Oerterp.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|