Sier (skip út 1985)

(Trochferwiisd fan Rottum (skip út 1985))

De Sier is in skip fan rederij Wagenborg en waard fanôf 1985 oant en mei 1995 tegearre mei susterskip Oerd brûkt foar de feartsjinsten tusken Holwert en It Amelân. Yn 1995 kaam de nije Sier yn tsjinst en waard it skip omdoopt ta Rottum, Sûnt 1995 fart it skip op de rûte Skiermûntseach en Lauwerseach. As ferfanger fan de eardere Rottum. It is it twadde skip fan Wagenborg dat fart ûnder dizze namme.

Sier
De Sier as de Rottum
De Sier as de Rottum
algemiene ynformaasje
flagge Nederlân
thúshaven Skiermûntseach
eigner Wagenborg
oare namme(n) Rottum (Sûnt 1995)
skiednis
kyllizzing 2 juny 1984
tewetterlitting 9 febrewaris 1985
oplevere 11 april 1985
yn de feart 9 maaie 1985
status Yn tsjinst
bysûnderheden en sifers
type Fearboat
subtype RoRo
lingte 58 m.
breedte 13,8 m.
djipgong 1,4 m.
passazjiers 1200
oandriuwing 2 x Mitsubishi S6R-Z3MPTAW, 1279 PK ~ 940 kW, 2x schroef
maks. faasje 10 knopen (19 km/o)

It skip is yn 1985 boud, yn opdracht fan rederij Wagenborg. Op 9 maaie 1985 kaam it skip ûnder de namme Sier yn tsjinst by de rederij. It waard ynset op de rûte Holwert - It Amelân en fierde dizze feartsjinst 10 jier lang út, tegearre mei it susterskip Oerd.

Nei de oanskaf fan dy twa (hast) identike skippen koe de rest fan de float ferkocht wurde of ynset wurde op de rûte Lauwerseach-Skiermûntseach. It skip Maria Louise waard ferkocht oan rederij T. den Breejen te Sieriksee. De skippen Prins Willem IV en Prinses Anna waarden ynset op de rûte Lauwerseach-Skiermûntseach, en waarden omdoopt ta Brakzand, en respektyflik Simonszand.

Nei 't de Sier 10 jier tsjinst dien hie waard troch Wagenborg in nij skip oanskaft, dat opnij Sier neamd waard. It âlde skip waard omdoopt yn Rottum en waard oerpleatst nei de rûte Lauwerseach-Skiermûntseach. De nije Sier wie yn in oare styl ferve en de Rottum waard no ek yn dizze nije hússtyl ferve. Om't toeristen nei Skiermûntseach gjin auto meinimme meie wie op dit skip net sa 'n grutte autokapasiteit nedich. Dêrom waarden oan de siden fan it skip de sinnedekken ferbrede.

Yn 2011 en 2012 is it skip yngripend ferboud by Koninklijke Niestern Sander yn Delfzijl. It skip krige ûnder oaren in nije stjoerhut. It kaam 5 april 2012 wer yn de feart. De âlde stjoerhut fan it skip waard yn septimber 2012 mei de Monnik (de eardere Oerd) nei it Amelân brocht om dêr ûnderdiel te wurden fan Maritiem Museum Abraham Fock yn Hollum. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: