S.H. de Roos
S.H. de Roos (folút: Sjoerd Hendrik de Roos; Drachten, 14 septimber 1877 - Haarlim, 3 april 1962) wie in Fryske letterûntwerper, boekbânûntwerper en keunstner. De bibliofile útjouwerij Stifting De Roos is nei him ferneamd.
Ut Drachten wei, dêr't syn heit skuonmakker wie, ferhuze hy op jonge leeftyd nei Amsterdam. Dêr folge hy fan 1889 oant 1891 in oplieding ta litograaf. Oanslutend studearre hy fan 1892 oant 1895 oan de "Teekenschool voor Kunstambachten" en fan 1895 oant 1898 oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten.
Yn 1907 kaam hy yn tsjinst fan Letterjitterij Amsterdam foarhinne N. Tetterode, dêr't hy folslein ta ûntploaiing komd is. Hy wurke dêr oant yn 1941. Yn 1912 ûntwurp hy, as earste Nederlanner yn 150 jier, in nije printletter, nammentlik de Hollandsche Mediæval. Yn totaal hat hy tolve printletters ûntwurpen, dêr't de Hollandsche Mediæval, de Egmont (1932), de Libra (1938) en de De Roos Romein & Cursief (1947) de meast súksesfolle fan wienen.
De Roos waard yn syn jonge jierren ynspirearre troch de Arts and Crafts beweging, dêr't keunst en ambachtlikheid elkoar by oanfolden. In moai foarbyld dêrfan is de troch him fersoarge útjefte fan Kunst en maatschappij (1903) fan William Morris. As oanhinger fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis besocht hy ek it ideaal fan 'keunst oan it folk' te ferwezentlikjen.
Argivaal materiaal fan De Roos wurdt beheard yn de Bibleteek fan de Universiteit fan Amsterdam (dêr't ek de troch De Roos opboude Tetterode Kolleksje bewarre wurdt) en yn de Stedsbibleteek Haarlim. It Ryksmuseum Amsterdam, it Frans Hals Museum yn Haarlim en it Museum Smellingerlân yn Drachten hawwe frij wurk fan De Roos yn harren kolleksje.
De Roos wenne ûnder mear yn Krommenie, Amsterdam, Hilfertsom en Haarlim.
-
It gedicht Cheops fan J.H. Leopold. Letterûntwerp De Roos
Literatuer
bewurkje seksje- A.A.M. Stols - Het werk van S. H. de Roos: een bijdrage tot de geschiedenis van de herleving der Nederlandsche boekdrukkunst (1942)
- Dick Dooijes - Sjoerd H. de Roos zoals ik mij hem herinner (1976)
- Sjoerd H. de Roos - Typografische geschriften 1907-1920 (1989)
- Mathieu Lommen - De grote vijf: S.H. de Roos, J.F. van Royen, J. van Krimpen, C. Nypels en A.A.M. Stols (1991)
- Sari de Haan ... [et al.] - typiScH de Roos: oeuvre-overzicht (2004)
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Biografysk Wurdboek fan Nederlân Biografy S.H. de Roos
- Kultuerwizer.nl Oer S.H. de Roos
- Bibleteek fan de Universiteit fan Amsterdam Katalogus (û.o. letterproeven)
- Keninklike Bibleteek Hûndert hichtepunten (Oer S.H. de Roos)
- Koosje Sierman: De Libra fan S.H. de Roos: in Utmiddelpuntige
- Ryksuniversiteit Grins: Typograaf Sjoerd de Roos makke syn keunst tsjinstber oan it folk