Santa Maria Immacolata a via Veneto

De Santa Maria Immacolata (ek: Nostra Signora della Concezione dei Cappuccini) oan 'e Via Veneto yn Rome is in yn opdracht fan 'e kapusynske muonts Antonio Barberini yn 'e 17e iuw boude tsjerke. Paus Urbanus VIII segene op 4 oktober, op 'e feestdei fan Sint-Fransiscus, de earste stienlizzing. It ûntwerp fan 'e tsjerke is ôfkomstich fan 'e pauslike arsjitekt Michele da Bergamo († 1641). Fanwegen it skrinkelhûs ûnder de krypt wurdt de tsjerke ek wol "bonketsjerke" neamd.

Marije fan 'e Unbesmodzge Untfinzenistsjerke
Santa Maria Immacolata
Lokaasje
lân flagge fan Itaalje Itaalje
plak Rome
adres Via Veneto
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
wijd oan Unbesmodske Untfinzenis
Arsjitektuer
arsjitekt Michele da Bergamo
boujier 1626-1631
boustyl barok
Webside
Side fan 'e Kapusinen oan 'e Via Veneto
Kaart
Santa Maria Immacolata a via Veneto (Rome)
Santa Maria Immacolata a via Veneto
 
Michael dy't Satan ferslacht (Guido Reni).

De tsjerke wurdt beheard troch kapusynske muontsen, dy't yn it oangrinzgjende kleaster wenje dat tusken 1928 en 1933 boud waard. It oarspronklike kleaster waard mei de klokketoer yn 'e 19e iuw ôfbrutsen om romte te meitsjen foar de Via Veneto en de bou fan it doe nije Ministearje fan Bedriuwen.

De tsjerke bestiet út in skip mei tsien sydkapellen (fiif oan eltse kant). Yn 'e tsjerke hingje keunstwurken fan ferneamde Italjaanske keunsters lykas Guido Reni (Oerwinning fan aartsingel Michael op Satan), Giovanni Lanfranco (Berte fan Kristus), Domenichino (Sint-Fransiskus kriget de stigmata) en Mario Balassi (Transfiguraasje).

Lofts fan it haadalter is it moarmeren grêf fan 'e Poalske prins Alexander Sobieski dy't yn 1714 ferstoar, de soan fan Jan III Sobieski dy't yn 1683 de Turken fersloech by Wenen. It is in wurk fan Camillo Rusconi en de oanwêzigens fan it grêf wie de iennige reden dat de tsjerke sparre waard foar de ôfbraak yn it ramt fan in werynrjochting fan it hiele gebiet. It ferwulft waard yn 1796 beskildere mei it tema de himelfeart fan Marije troch de neoklassisistyske skilder Liborio Coccetti.

De sakristy fan 'e tsjerke is tsjintwurdich in museum, dêr't ferskate keunstwurken en sakrale saken bewarre bleaun binne. It neamen wurdich is in oan Caravaggio taskreaun wurk fan Sint-Fransiskus yn meditaasje.

Bekender as de tsjerke is de krypt ûnder de tsjerke, dy't fersierd is mei de bonken fan likernôch 4.000 kapusynske muontsen. De krypt is ferdield yn fiif lytse kapellen oan in mienskiplike gong, dy't meiïnoar in makaber keunstwurk foarmje. Kardinaal Antonio Barberini liet yn 1631 de skeletten en bonken fan it âlde begraafplak fan 'e oarder opgrave en nei de tsjerke bringe. It grutste part fan 'e bonken waarden brûkt om de krypt mei te fersieren mei de oerbliuwsels, wylst der ek hiele bonkerakken fan muontsen steane of lizze yn 'e foar de kapusinen karakteristike pijen. Oant 1870 bleaune de kapusinen harren ferstoarne bruorren yn 'e krypt sammeljen.

By de yngong fan 'e krypt hinget foar de libbenen in plakette mei de fermoanning: Quello che voi siete noi eravamo; quello che noi siamo voi sarete (Wastû bist wiene wy, wat wy binne silstû wêze).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Italjaansktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: it:Santa Maria Immacolata a via Veneto (Rome)