Saotomeeske pappegaaido

De Saotomeeske pappegaaido (Treron sanctithomae) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae). De bedrige fûgel is in endemyske soarte dy't op it eilân Sao Tomee foarkomt.

Saotomeeske pappegaaido
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron sanctithomae
Gmelin, 1789
IUCN-status: bedrige

De fûgel is 30 sm lang, likernôch like grut as in blaudoke. De fûgel hat in soad fan 'e Afrikaanske pappegaaido (Treron calvus), dy't op it fêstelân fan Afrika libbet, mar is fealer en sjocht der minder grien út. De fûgel hat in frijwat grutte snaffel mei in nei ûnder boge punt op 'e boppesnaffel.

De do yt figen en oar fruit en briedt fan novimber oant april/maaie.

Fersprieding

bewurkje seksje

De fûgel is endemysk op Sao Tomee en syn biotoop bestiet út tropysk bosk, sekundêr bosk en plantaazjes tusken de 300 m oant 1600 m boppe seenivo. Eartiids wie de do in hiele gewoane fûgel op it hiele eilân, mar Saotomeeske pappegaaidowen komme no allinne noch yn it súdlike diel foar. Op Ilhéu das Rolas is de fûgel yntusken útstoarn.

Saotomeeske pappegaaidowen wurde bot bejage en binne yntusken yn it tichter bewenne noarden ferdwûn. Der is kommersjele jacht op 'e fûgel fanwegen it fleis yn 'e gebieten dy't maklik tagonklik binne, wêrby yn ien moarn tiid in grut tal fûgels ôfsketten wurde. In soad bosk, fral yn it noarden, wurdt ferneatige foar houtwinning en lânbougrûn en mei de hege befolkingsgroei bedriget ek de ynfrastruktuer it biotoop fan 'e fûgel. It ferspriedingsgebiet wurdt dêrfandinne noch beheinder en de kâns op útstjerren is oanwêzich. BirdLife International rûst de populaasje op 24.600 oant 72.800 folwoeksen fûgels, mar de oantallen nimme yn heech tempo ôf. Omreden dêrfan wurdt de fûgel troch IUCN as bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: