It blaudoke (Columba oenas) is in fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e dofûgels (Columbidae). It blaudoke is by ús in stânfûgel.

blaudoke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai hôfdowen (Columba)
soarte
Columba oenas
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

Beskriuwing bewurkje seksje

It blaudoke is 28 oant 32 sm lang en hat in spanwiidte fan 60 oant 66 sm. Mantsjes wege likernôch 300 gram en wyfkes likernôch 270 gram. Se ha in blaugriis fearrekleed, de nekke en de hals is oan wjerskanten irisearjend grien. It boarst is blaupears. De wjukken hawwe in swarte râne. De eagjes binne swart. Mantsjes en wyfkes hawwe deselde kleuren.

Iten bewurkje seksje

It iten bestiet út sied, nôt, beien, ikels, dielen fan planten ensafuorthinne.

Fuortplanting bewurkje seksje

 
Pearke blaudokes.

De fûgel briedt fan maart oant septimber. De balts begjint mei bûgingen en it pearen folget op it koezjen mei snaffels en troch inoar de fearkes ploaie. It wyfke leit twa wite aaien yn in beamholte, meast âlde nêsten fan spjochten. Nêstkasten wurde lykwols ek brûkt. De briedtiid duorret likernôch 16 dagen.

Fersprieding bewurkje seksje

Blaudokes binne yn it westen en it suden fan Europa stânfûgels en yn in grut diel fan it ferspriedingsgebiet yn East-Europa en Aazje simmerfûgels.

De fûgel komt yn Nederlân algemien foar en libbet fral op sângrûn yn in lytsskealich lânskip mei ikkerbou. Blaudokes hawwe har goed oan 'e feroarings yn it agraryske kultuerlânskip oanpast en wisten sûnt de jierren 1980 harren fersprieding oer hiel Nederlân út te wreidzjen.

It tal briedpearkes yn Nederlân wurdt op 54.000 oant 67.000 rûsd. Winterdeis is it oantal troch wintergasten út Skandinaavje en Dútslân heger en wurdt it oantal op 100.000 oant 200.000 rûsd. De heechste oantallen blaudokes binne yn it easten fan Oerisel, Gelderlân, Noard-Brabân en it noarden fan Limburch te finen. Yn Fryslân is in hege konsintraasje tusken De Lemmer en Wolvegea.

Undersoarten bewurkje seksje

Blaudokes kinne yn twa ûndersoarten ûnderferdield wurde:[1]

Status bewurkje seksje

De wrâldpopulaasje wurdt op 1.400.000-2.600.000 folwoeksen fûgels rûsd. De populaasje liket te groeien en wurdt op de Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Hohltaube (ferzje 15 april 2024)