Sarie Marais
Sarie Marais of My Sarie Marais is in Afrikaner folksferske út Súd-Afrika, dat datearret fan omtrint 1900, út 'e tiid fan 'e Twadde Boere-oarloch. Yn dat konflikt feroveren de Britten de Súdafrikaanske Republyk (better bekend as de Transfaal) en de Oranje-Frijsteat, dat oant dy tiid ta ûnôfhinklike lannen west hiene. De oarspronklike tekst fan it liet is yn it Afrikaansk, en de útspraak fan 'e titel is "Mij Sary Marè", mei't 'Marais' in hugenoatske efternamme is en dêrom in Frânske útspraak hat. Yn Nederlân wurdt lykwols almeast songen fan "Marijs".
Sarie Marais | ||
Blêdmuzyk fan 'Sarie Marais', yn: F.A.K-Volksangbundel vir Suid-Afrika (1940) | ||
algemiene ynformaasje | ||
taal | Afrikaansk | |
sjenre | folksmuzyk | |
skriuwer | ûnbekend | |
komponist | ûnbekend | |
oar | ||
útfierings | û.o. Jim Reeves |
Ynhâld
bewurkje seksjeDe tekst fan Sarie Marais fertelt it ferhaal fan in Afrikaner dy't om kriichsfinzenskip en deportaasje troch de Britten (die Kakies, nei harren khakikleurige unifoarmen) te ûntrinnen yn ballingskip gien is yn Súdwest-Afrika (it hjoeddeiske Namybje). Dêr ferbliuwt er yn Upington, in plak dat 121 km noardlik fan 'e Súdafrikaanske grins leit, dy't foarme wurdt troch de Oranjerivier (yn it ferske die Grootrivier neamd). Hy is freeslik ûnwennich nei de âlde Transfaal, dêr't syn leaf Sarie Marais wennet. It lêste kûplet fertelt lykwols dat it no frede wurden is, sadat er werom kin nei hûs, dêr't er syn Sarie Marais wer hopet te sjen.
Oarsprong
bewurkje seksjeDe oarsprong fan Sarie Marais is net dúdlik. Guon wolle hawwe dat it al ûntstien is omtrint 1880, ûnder de Earste Boere-oarloch, mar dat wol de measte saakkundigen net oan. Oer it algemien giet men der fanút dat it in ferske út 'e Twadde Boere-oarloch is, dat sadwaande omtrint 1900 ûntstien wêze moat. It hat wol kâns dat it liet basearre is op Sweet Ellie Rhee, in folksferske songen troch Konfederearre soldaten ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865), dat der kwa tekst en meldij sterk op liket, en dat sels mooglik wer weromgiet op it Ingelske folksferske Foggie Dew.
It is ûndúdlik oft Sarie Marais in wierbesteand persoan west hat of in poer fiktyf is. Twa froulju wurde wol neamd as de 'echte' Sarie Marais. Sara Johanna Adriana Maré waard op 10 maaie 1840 berne yn Uitenhage, yn 'e Kaapkoloanje, en troude yn 1857 te Pietermaritzburg, yn Natal, mei in Louis Jacobus Nel. Se stoar yn 1877 mei 37 jier yn it kreambêd nei't se fan har alfde bern befallen wie, en waard begroeven op 'e boerepleats Welgegund, yn 'e neite fan Greytown. De twadde kandidate, Susara Margaretha Maré, waard op 15 april 1869 berne yn Suikerbosrand, yn 'e Transfaal, dat doedestiden diel útmakke fan it distrikt Mooirivier (dat yn 'e tekst fan it ferske neamd wurdt). Se troude mei de sjoernalist en dichter J.P. Toerien, en stoar op 22 desimber 1939 yn Bloemfontein, yn 'e Oranje-Frijsteat. It is net ûnmooglik dat Toerien de skriuwer fan Sarie Marais wie.
Tekst fan 'e moderne Afrikaanske ferzje
bewurkje seksjeMy Sarie Marais is so ver van my hart,
Maar 'k hoop om haar weer te sien.
Sy het in die wyk van die Mooirivier gewoon,
Nog voor die oorlog het begin.
refrein:
- O bring my t'rug na die ou Transvaal,
- Daar waar my Sarie woon.
- Daar onder in die mielies*
- By die groen doringboom,
- Daar woon my Sarie Marais.
Ek was so bang dat die Kakies my sou vang
En ver oor die see wegstuur;
Toe vlug ek na die kant van die Upington se sand
Daar onder langs die Grootrivier.
refr.
Die Kakies is mos net soos 'n krokodillepes,
Hulle sleep jou altyd water toe;
Hul gooi jou op 'n skip vir 'n lange, lange trip,
Die josie weet waarnatoe.
refr.
Verlossing het gekom en die huis toe gaan was daar,
Terug na die ou Transvaal;
My lieflingspersoon sal seker ook daar wees
Om my met 'n soen te beloon.
refr.
* mielies = stynske weet
Oersettings
bewurkje seksjeSarie Marais is oerset yn in ferskaat oan talen, wêrûnder it Nederlânsk, Ingelsk, Frânsk, Spaansk, Italjaansk en Russysk. De meldij fan Sarie Mareis waard yn 1953 troch de kommando's fan 'e Britske Royal Marines oannommen as offisjeel marsliet foar seremoniële gelegenheden. De Frânske École Militaire Interarmes sjongt it ferske ek, mar yn in Frânske oersetting. De Amerikaanske countrysjonger Jim Reeves is ien 'e artysten dy't in Afrikaansktalige ferzje (mei in swier Amerikaansk-Ingelsk aksint) fan Sarie Marais útbrocht hat.
Ynfloed
bewurkje seksjeDe earste Súdafrikaanske sprutsen film, fan regisseur Joseph Albrecht, út 1931, hie ek as titel Sarie Marais. Dy film spilet yn in Britsk kriichsfinzenekamp ûnder de Twadde Boere-oarloch, dêr't it sjongen fan it ferske Sarie Marais de finzenen nije moed jout. Yn 1949 waard der ûnder deselde titel troch Francis Coley in remake fan 'e film makke. Ek it hjoeddeiske Súdafrikaanske frouljustydskrift Sarie ûntlient syn namme oan it ferske Sarie Marais.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (afr) Tradisjonele útfiering fan Sarie Marais op YouTube
- (afr) Modernere útfiering fan Sarie Marais op YouTube
- (afr) Sarie Marais, songen troch Jim Reeves, op YouTube
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources, op dizze side. |