Tongerblom
Tongerblom (Glechoma hederacea) is in lytse, krûpende plant dy't op de knopen woartelet. De namme komt wierskynlik fan it Goatyske wurd Gunderaba dat wûndrank betsjut. De blêden binne nierfoarmich mei in kartele râne. Hoe sinniger it stânplak , deste lytser binne de blêden.
tongerblom | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Glechoma hederacea | ||||||||||||
Linnaeus, 1753 | ||||||||||||
Oare Fryske nammen
bewurkje seksjeDe Tongerblom wurdt ek wol Seare Blêden, Fuotsje, Gesondheidsblêd, Hynstepoat, Hûntsjedraaf, Knikelblêd, Knikelsblêd, Miammeldersblom, Rondaaljeblêd, Skarnikelsblêd en Úlkenbledsje neamd.
Bloeiwize
bewurkje seksjeDe plant bloeit yn 'e maaitiid mei pears-blauwe lipblommen, dy't yn in skynkrânse stean. De ûnderlippe is oan de ein yn twaen spjalt en de boppelippe is flak en net bol. Der binne twaslachtige en funksjoneel froulike eksimplaren. De lêste hawwe dúdlik folle lytsere blommen. De plant bloeit fan maart oant juny, mar om april hinne is yn Nederlân faak it hichtepunt fan de bloei. De planten kinne harren groeiplak in dúdlik pearse gloed jaan.
Fersprieding
bewurkje seksjeTongerblom is yn West-Jeropa tige algemien en kin yn alderlei soarten begroeiïngs foarkomme. It groeit sels as epifyt yn bygelyks knotwylgen. De plant is in goede boaiembedekker, dy't winterdeis ek grien bliuwt. Yn it foarjier is de kleur fan de plant min ofte mear pears troch de lege temperatueren en yn de simmer grien.
De Tongerblom wurdt ek wol as genêskrêftich krûd tapast tsjin byg. jokte en wûnen. It wurdt ek wol brûkt yn de bierbrouwerij. Dêr wie it de foarrinner fan hop.
Ekologyske aspekten
bewurkje seksjeOp de Tongerblom fleane in oantal solitêre bijen: de andoarnbij (anthophora furcata), Boskmitselbij (Osmia uncinata), blauwe mitselbij (osmia caerulentes), gewoane sachembij (anthophora plumipes), gouden mitselbij (osmia aurulenta), grutte wolbij (anthidum manicatum) en nepetabij (anthophora quadrimaculata).
Galery
bewurkje seksje-
Blêd
-
Tongerblom bloeiwize
-
Blomkroan
Literatuer
bewurkje seksje- Meijden, R van der: Heukels' floara fan Nederlân. 22ste printinge Grins 1996
- Weeda. E.: Nederlânske Oecologyske Floara diel 3 1988
Keppeling om utenss
bewurkje seksje- http://www.wildebijen.nl : oersjoch fan solitêre bijen yn Nederlân
- http://www.kruidenvrouwtje.nl/pan/hondsdraf.htm