Sechtjin Roeden (feart)

De Sechtjin Roeden is in feart yn de gemeente It Hearrenfean. De feart rint benoarden It Mar oan de Skoatterlânske Wei fan It Hearrenfean nei De Knipe en west fan Grut Wyngaarden rjochting Lúkswâld. Ek de dyk fan It Mar rjochting Tsjalbert hjit Sechtjin Roeden. De namme komt ek foar as De Sestien Roeden.

Yn de tiid fan de ûntginning waarden lânmjitten as roede brûkt (14 m²). Yn it Rynlân waard fêststeld dat elke 80 ton turf lyk stie oan 16 (kante) roeden fergroeven feangebiet. As tsjinprestaasje foar dy ûntgrûning moast de feanbaas derfoar soargje dat earne yn it doarp per sechtjin roeden ien kante roede min lân ta lânbougrûn ferbettere waard. Sa waard sechttjinroeden op én doer in fêste mjitienheid, mar dy't letter yn ûnbrûk rekke.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: