Geslacht (sekse)

(Trochferwiisd fan Sekse (geslacht))

It geslacht of de sekse fan in libben wêzen is de foarm dy't dat organisme hat binnen de soarte dêr't er ta heart. Sokke geslachten kombinearje ûnderling har genetysk materiaal om harsels fuort te plantsjen. Dizze foarm fan fuortplanting wurdt geslachtlike fuortplanting of seksuële reproduksje neamd (ta ûnderskie fan ûngeslachtlike fuortplanting of aseksuële reproduksje). Der binne twa geslachten, dy't by de minske man en frou neamd wurde; by bisten wurdt ornaris sprutsen fan mantsje en wyfke.

De ferskillende geslachten

bewurkje seksje

De measte mearsellige en guon iensellige organismen binne òf manlik òf froulik. Dêrby wurdt it froulik geslacht definiëarre as de sekse mei de grutste geslachtssellen. It geslacht wurdt yn 'e regel genetysk bepaald: manlike dieren ervje in X-gromosoom fan 'e mem en in Y-gromosoom fan 'e heit, wylst froulike bisten fan 'e âlden twa X-gromosomen krije. Dêrby kinne eksterne faktoaren lykwols ek ynfloed útoefenje; sa is bekend dat by skylpodden en krokkedillen de temperatuer yn it nêst in beslissende rol spilet. Yn in protte soarten komt it ferskynsel fan seksuële dimorfy foar, wêrby't de beide geslachten yn uterlik foarkommen faninoar ferskille. Sa is by de minske bygelyks de man ornaris grutter fan stal as de frou, mei in uterlik dat minder fetweefsel fuort ûnder de hûd hat en dêrom rjochter en hoekiger liket, wylst froulju û.m. boarstfoarming en minder hiergroei hawwe.

 
Seksuële dimorfy by fazanten.

Skimmels en party oare organismen besteane yn mear as twa geslachten, mar plantsje harsels noch altyd foar yn pearen oftewol kombinaasjes fan twa geslachten. Beskate bistesoarten, lykas rûnwjirms en blêdluzen, kinne har sawol geslachtlik as ûngeslachtlik fuortplantsje. Wer oare soarten binne hermafrodyt, wat sizze wol dat se beide geslachten tagelyk hawwe en har mei harsels fuortplantsje kinne (al hat fuortplanting mei soartgenoaten ek dan noch de foarkar, om't der oars gjin genetyske útwikseling plakfynt). Der besteane ek bistesoarten dy't har allinnich mar ûngeslachtlik fuortplantsje, lykas wanneljende tûken en sommige hagedissen, en de measte ienselligen plantsje har ek inkeld ûngeslachtlik foar troch seldieling.

Fêststelling fan it geslacht

bewurkje seksje

De hjoeddeiske wittenskip en maatskippij beskôget it genetyske geslacht as it eigentlike geslacht. By sichtber ynterseksuële poppen en foar sportwedstriden wurdt dêr dan ek op test. Trochstrings basearje medisy har lykwols by minsken (en by bisten) op 'e sekundêre geslachtsskaaimerken (de útwindige geslachtsdielen), wylst men inoar yn it deistich libben meastal in beskaat geslacht taskriuwt op grûn fan tertiêre geslachtsskaaimerken (de al neamde seksuële dimorfy: algemiene lichemsfoarm, boarstfoarming, hiergroei, ensfh.) of sels op grûn fan poer kulturele eigenskippen (klean, kapsel, make-up, ensfh.).

Geslachtlike genetyske ôfwikings

bewurkje seksje

Hoewol't de minskheid yn 'e regel yn twa geslachten yndield wurdt, ken de natoer mear fariaasje. Normaal heart in minske in X-gromosoom en in Y-gromosoom te hawwen (in man) of twa X-gromosomen (in frou), mar soms is der mar ien X-gromosoom en gjin Y-gromosoom; sokke lju, dy't lije oan it syndroom fan Turner, sjogge derút as froulju. Ek komt it foar dat der njonken in Y-gromosoom mear as ien X-gromosoom oanwêzich is: XXY of XXXY. Minsken dy't dat hawwe, lije oan it syndroom fan Klinefelter. En dan binne der ek noch lju dy't njonken in X-gromosoom mear as ien Y-gromosoom hawwe: XYY of XYYY. Sokken sjogge derút as manlju en soene in IQ hawwe dat wat leger is as it gemiddelde; nei't it skynt is harren oandiel yn 'e befolking fan finzenissen heger as yn 'e maatskippij as gehiel.

Maatskiplike aspekten

bewurkje seksje

By guon minsken komt it biologyske of genetyske geslacht net oerien mei har psychologyske identiteit. Sokke lju binne transseksuëlen (hoewol't de Ingelske term transgender tsjintwurdich almar mear yn gebrûk komt).

Ferskillende kultueren hawwe faak har eigen spesifike stelsel fan noarmen en wearden dêr't de leden fan 'e ûnderskate geslachten har neffens hâlde en drage moatte. Sa wie it yn it Westen foarhinne sa dat froulju jurken of rokken droegen en manlju broeken. Fierders soarge de man foar it ynkommen, wylst de frou de húshâlding beävensearre en de bern grutbrocht. Sûnt de definitive trochbraak fan it feminisme, yn 'e sechstiger en santiger jierren fan 'e tweintichste iuw, is dat net mear sa. Mar yn oare kultueren besteane soksoarte strikte ferskillen faak noch wol deeglik.

Dêrby komt noch dat men ek mei jins wetlike geslacht te krijen hat. Dat is it geslacht dat fêstlein wurdt yn jins berte-akte, en dat letter tige by tige dreech is om feroare te krijen (yn in protte lannen sels ûnmooglik). It wetlike geslacht kin fan ynfloed wêze op jins houliks- en adopsjerjocht, it ferfoljen fan 'e tsjinstplicht en de erfskipswetjouwing. De measte lannen kenne mar twa wetlike geslachten: man en frou. Guon lannen lykwols, hawwe noch in trêde geslacht, foar minsken dy't har noch man, noch frou fiele. Sokke lannen binne Austraalje, Banglades, Yndia, Nepal, Nij-Seelân en Pakistan.

 
Frouljusdiskriminaasje yn in hotel yn it Saûdyske Djedda.

De ferdieling fan 'e befolking yn geslachten dy't maatskiplik differintiëarre rollen hiene, hat laat ta it ûntstean fan geslachtsdiskriminaasje (of seksisme) en geslachtssegregaasje. Dy segregaasje, it skieden fan 'e geslachten, hoech net altyd diskriminatwaar te wêzen, want de measte froulju soene it wierskynlik net wurdearje kinne as húskes en dûsromten desegregrearre waarden. Yn guon lannen besteane der treinwagons of metrorydtugen dy't spesjaal foar froulju bedoeld binne (al is dat dan wer in út need berne oplossing om't froulju yn wagons en rydtugen dy't ek troch manlju brûkt wurde, net feilich binne).

Mar oan 'e oare kant komt it ek geregeldwei foar (sij it yn it Westen hieltyd minder) dat beskate aktiviteiten of foarsjennings foarbeholden binne oan ien geslacht, yn 'e regel de man. Dêrby kin men tinke oan it ferfoljen fan bestjoersfunksjes (bgl. binnen de SGP) of fan it preesterskip (bgl. binnen de Roomsk-Katolike Tsjerke). Fierders wolle beskate groepearrings yn fral de islamityske wrâld froulju (famkes) útslute fan it krijen fan ûnderwiis, en meie froulju yn Saûdy-Araabje net autoride. Ek besteane der yn in soad lannen klaaiïngsfoarskriften dêr't benammen froulju har oan tsjinje te hâlden. Oarsom is it froulju yn it Westen no wol tastien om in broek te dragen, mar wurde manlju mei jurken of rokken oan noch altyd net akseptearre. Ek kinne froulju yn formele sitewaasjes folle kleuriger klean oan hawwe as manlju, fan wa't by sokke gelegenheden in stimmich pak yn griis, brún of swart ferwachte wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, en Further reading op dizze side.