Sharon Lee (pornografysk aktrise)

Sharon Lee, echte namme ûnbekend (2 augustus 1988), is in rêstend Frânsk neakenmodel en pornografysk aktrise en prostituee fan Fjetnameesk en Frânsk etnysk komôf. Yn it ferline hat hja ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Sharone Lee en Sharon.

Sharon Lee
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Sharone Lee, Sharon
echte namme ?
nasjonaliteit Frânsk
berne 2 augustus 1988
berteplak ? (Frankryk)
etnisiteit Fjetnameesk
Frânsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise, escort
jierren aktyf 20092020
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Lee is hikke en tein yn Frankryk en waard yn 2009 ûntdutsen troch pornoregisseur en -produsint Pierre Woodman. Neitiid wurke hja ferskate jierren fral foar it Sweedske Private-label en foar Woodman syn eigen studio, Pierre Woodman Entertainment, foar't hja úteinlik de grutte plasse oerstiek om in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry nei te stribjen.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Lee ûnderwilens yn mear as 50 pornografyske films spile. Dêrby wurke se yn Amearika û.m. foar sokke foaroansteande labels as Pure Play Media, Evil Angel, Third Degree Films, Adam & Eve, Jules Jordan Video, Elegant Angel en Hustler Video. Teffens hat se in protte foar pornosites as BangBros en Brazzers yn 't spier west. Neffens har offisjele opjefte is Sharon Lee 1.70 m, mei in gewicht fan 55 kg en kupmaat 40C.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: