Sheshegwaning Earste Naasje

(Trochferwiisd fan Sheshegwaning Reservaat 20)

De Sheshegwaning Earste Naasje (Ingelsk: Sheshegwaning First Nation) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei in eigen reservaat yn it suden fan 'e provinsje Ontario. Foarhinne stie dizze stamme bekend as de Silverwater Earste Naasje (Silverwater First Nation). "Earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep.

Sheshegwaning Earste Naasje
Ingelsk Sheshegwaning First Nation
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Ontario
haadkertier Sheshegwaning (Ontario)
etnisiteit Ottawa
ledetal 419 (2013)
oprjochting 1836
status erkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaat Sheshegwaning Reservaat 20
lokaasje eilân yn 'e Hueronmar
oerflak 5,8 km²
ynwennertal 111 (2013)
offisjele webside
www.sheshegwaning.org
kaart
Sheshegwaning Earste Naasje (Ontario)
Sheshegwaning Earste Naasje
Lokaasje yn Ontario.

De Sheshegwaning Earste Naasje is sitewearre yn it Manitoulin Distrikt fan súdlik Ontario, en hat dêr in eigen reservaat, it Sheshegwaning Reservaat 20 (Ingelsk: Sheshegwaning 20 Reserve). Dat leit oan in ynham yn 'e noardkust fan Manitoulin, in eilân yn 'e Hueronmar, likernôch 112 km westlik fan Little Current, it grutste plak op it eilân.

 
It lânskip it Sheshegwaning Reservaat 20 op it eilân Manitoulin.

It Sheshegwaning Reservaat, dat it hiele jier rûn tagonklik is oer in ferhurde wei, grinzget yn it noarden en suden oan it Unorganisearre Distrikt West-Manitoulin, yn it easten oan it Noarderkanaal en yn it westen oan it Zhiibaahaasing Reservaat 19A. It Sheshegwaning Reservaat beslacht in oerflak fan 5,8 km², en it haadplak is it doarp Sheshegwaning (foarhinne Silverwater), dêr't it haadkertier fan 'e Sheshegwaning Earste Naasje fêstige is.

De leden fan 'e Sheshegwaning Earste Naasje binne etnyske Ottawa (of Odawa), in folk dat fan âlds in Algonkwynske taal sprekt en nau besibbe is oan 'e Odjibwe (Ojibwe of Chippewa), dy't ek yn it gebiet fan 'e Grutte Marren libje. Neffens gegevens út 2013 hie de Sheshegwaning Earste Naasje doe 419 leden, fan wa't 111 (of 26,5%) permanint yn it eigen reservaat wennen. Dêrmei bedroech de befolkingstichtens fan it reservaat 19,1 minsken de km². De offisjele talen fan 'e Sheshegwaning Earste Naasje binne it Ottawa en it Ingelsk.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.