Shocking Blue
Shocking Blue wie in Nederlânske rockband dy't suksesfol wie yn de jierren sechstich en santich.
Shocking Blue | ||
band | ||
Shocking Blue yn 1970 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Rock | |
bestean | 1967 - 1974, 1981 - 2006 | |
label(s) | Polydor, Pink Elephant | |
âld-leden | Fred de Wilde sang Robbie van Leeuwen gitaar, sitar & sang Cor van der Beek drums † Klaasje van der Wal bas † Henk Smitskamp bas Leo van de Ketterij gitaar Martin van Wijk gitaar Wim Voermans bas (1984-1986) Jan Pijnenburg drums (1985-1986) Gerben de Bruijn drums (1993-1998) | |
leden | ||
Sang | Mariska Veres † | |
Gitaar | Andre van Geldorp | |
Toetsen | Michael Eschauzier | |
Bas | Paul Heppener | |
Drums | Michel Schreuder |
Skiednis
bewurkje seksjeDe groep waard yn 1967 oprjochte troch Robbie van Leeuwen, dy't neffens eigen sizzen oan de boppekant fan syn kinnen kommen wie by The Motions en in groep delsette woe dy't ynternasjonaal mear kânsen hawwe soe. Van Leeuwen socht de groepsleden út ferskate hoeken fan de Haachske beatscene en keas ynearsten foar in sjonger, Barry Hay, dy't krekt The Haigs ferlitten hie. Hay woe net by de band en Van Leeuwen reagearre mei de histoaryske wurden: "Hjir silst noch spyt fan krije". Uteinlik waard Fred de Wilde de sjonger en waard der in LP foar Polydor opnaam. It album wie lykas de earste single Love is in the air net hiel suksesfol.
In jier letter stapte Shocking Blue oer nei it krekt oprjochte Pink Elephant-label fan Dureco. De earste plaat dy't útkaam op dat label wie Lucy Brown Is Back in Town. De single die it bêst yn de Nederlânske Top 40. Doe't De Wilde healwei 1968 in oprop krige foar militêre tsjinst, besleat Van Leeuwen dat hy de groep oanfolle woe mei in sjongeres. Ynearsten waard oan Annet Hesterman tocht, mar sy hie krekt in kontrakt sletten mei in oare manager en betanke. Letter wie sy noch in koart skoftke de sjongeres fan de Grinzer band de Ro-d-Ys. Yn Loosdrecht kamen Van Leeuwen en manager Cees van Leeuwen Mariska Veres (1947-2006) tsjin. Sy hie dêr in optreden mei The Motowns by in feestje fan de Golden Earring. It kontakt waard fia har mem lein.
Shocking Blue wie de earste Nederlânske groep dy't in nûmer ien hit hiene yn de Billboard Hot 100 fan de Feriene Steaten mei it nûmer Venus.
De groep hie noch in soad oare hits foar't se yn 1975 opholden. Yn 1979 waard besocht de groep wer byinoar te krijen, dat duorre lykwols twa jier. Shocking Blue kaam yn 1993 werom mei in oare gearstalling dêr't Mariska Veres by siet, mar Robbie van Leeuwen net. Dy formaasje bleau optreden oant Mariska Veres yn desimber 2006 ferstoar.
Diskografy
bewurkje seksjeStudio-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Label | Single(s) |
---|---|---|---|
Shocking Blue | 27 novimber 1967 | Polydor | Love Is in the Air |
At Home | 30 septimber 1969 | Pink Elephant | Venus |
Scorpio's Dance | 29 augustus 1970 | Send Me a Postcard, Hello Darkness | |
Third Album | 15 april 1971 | Never Marry A Railroad Man, Blossom Lady | |
Inkpot | 20 maart 1972 | Inkpot | |
Attila | 1972 | Rock In The Sea | |
Ham | 1973 | Oh Lord | |
Good times | 1974 | This America |
Kompilaasje-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht yn |
---|---|
Sensational Shocking Blue | 1969 |
The Shocking Blue | 1970 |
Hello Darkness | 1971 |
The Shocking Blue, Perfect Collection | 1972 |
The Best of Shocking Blue | |
Shocking Blue's Best | 1973 |
With Love from... Shocking Blue | |
The Shocking Blue Double Deluxe | 1978 |
Venus | 1980 |
The Shocking Blue Greatest Hit | 1981 |
Best of Shocking Blue | 1986 |
Classics | |
At Home (The Singles) | 2022 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|