Siemen Hoekstra (Ikkerwâld, 1966) is freelance trompettist, dosint koperblazers en dirigint.

Doe't Siemen Hoekstra tsien jier wie krige er syn earste kornetlessen fan Douwe Veenstra by streekmuzykskoalle De Wâldsang yn Bûtenpost. Op syn fyftjinde spile er bugel (flügelhorn) by brassband De Bazuin út Oentsjerk. Ek spile er by brassband Soli Deo Gloria, Ljouwert en brassband De Wâldsang, Bûtenpost.

Hoekstra studearre trompet en HaFaBra-direksje oan de Muzyk Pedagogyske Akademy yn Ljouwert en ferfolge syn trompetstúdzje oan it Sweelinckkonservatoarium yn Amsterdam. Hy krige trompetles fan Jan Holtrop, Peter Masseurs, Klaas Kos en fan syn grutte foarbyld Willem van der Vliet. Syn haadfak direksje folge er by Jan de Haan, Dirk Annema en Gerrit Fokkema en hy rûn inkelde kearen staazje by de ingelske dirigint David King.

Nei inkelde jongerein- en B-orkesten dirigearre te hawwen, waard er dirigint by brassband Juliana út Kollumersweach. Yn 12 jier tiid helle er dêrmei súksessen yn. Fan 1999 oant 2005 wie er dirigint fan de Provinciale Brassband Groningen. Hjoed de dei (2007) wurdt Hoekstra in soad frege as gast-/projektdirigint. Sa brocht er yn 2005 brassband De Lofklank út Oerterp de kampioenstitel yn de twadde difyzje fan de Nederlânske Brassband Kampioenskippen.

As profesjoneel muzikant spile Hoekstra û.o. yn it Frysk Orkest, Noord Nederlands Orkest, Johan Willem Friso Kapel, it NCRV-koperensemble en it Nederlands koperensemble. Fan 1991 oant en mei 2003 wurke er by Joop v.d. Ende mei oan ferskate musicals en oan ferskate tv-, cd- en dvd- opnames.

Hjoed-de-dei wurket Hoekstra as freelance trompettist, dosint koperblazers en dirigint. Hy stiet foar 2 orkesten: fanfare de Lytse Sudwesthoeke út Starum en sûnt jannewaris 2007 foar brassband Pro Rege út It Hearrenfean. Boppedat spilet er yn it koperkwintet 'Fiifresombrass' dat bestiet út fiif befreone prosjenele koperblazers.