Sikke

Jongesnamme
(Trochferwiisd fan Sikkelina)

Sikke (útspr.: [ˈsɪkə]) is in ridlik algemien foarkommende Fryske jongesnamme. Dizze namme hat him ûntjûn út in ferkoarting en flaaifoarm fan Germaanske foarnammen dy't begjinne mei Sigi-, wat "oerwinning" betsjut.[1] Sikke stammet fan deselde wurdfoarm ôf as it Fryske haadwurd "sege" (ek Nederlânsk zege en Dútsk Sieg). De ekwivalinte Nederlânsktalige nammefoarm is Sicco, dy't fan oarsprong út Grinslân (en mooglik Drinte) stammet, en beskôge wurde kin as in fernederlânsking fan 'e âldere Fryske foarm.

Troch de sterke ynfloed fan it Nederlânsk yn Fryslân binne Fryske lju dy't fan Sikke hieten, bûten de provinsje faak bekend wurden as Sicco. Sa is it bygelyks gien mei de diplomaat Sikke van Goslinga, dy't bûten Fryslân bekendstiet as 'Sicco van Goslinga'.[2] Dat wie gjin isolearre ûntwikkeling, mar in algemien gebrûk, en itselde barde mei dragers fan oare typysk Fryske nammen. Sa kaam de tsjerkeherfoarmer Minne Simens bûten Fryslân bekend te stean as 'Menno Simons',[3] in beneaming dy't sa ynfloedryk wie dat er no sels yn Fryslân meastal sa neamd wurdt.

De Fryske famkesnamme dy't ekwivalint is oan Sikke, is eins Sikje,[4] mar dat is in namme dy't sa seldsum is, dat men him frijwol nea mear heard. In modernere Fryske famkesnamme dy't basearre is op Sikke, is Sikkelina.[5]

Minsken mei de namme Sikke

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, Fryske Foarnammen, Ljouwert, 2002 (Friese Pers Boekerij), ISBN 9 03 30 11 506, s. 104.
  2. Waling Dykstra, Uit Friesland's Volksleven, Ljouwert, 1895 (Uitgeverij M.A. van Seijen), s. 76.
  3. Hendrik Twerda, Fan Fryslâns Forline, Bolsward, 1968 (Utjowerij A.J. Osinga), s. 128.
  4. Rienk de Haan, Fryske Foarnammen, Ljouwert, 2002 (Friese Pers Boekerij), ISBN 9 03 30 11 506, s. 104.
  5. Rienk de Haan, Fryske Foarnammen, Ljouwert, 2002 (Friese Pers Boekerij), ISBN 9 03 30 11 506, s. 104.