Sikko Berent Drijber

Sikko Berent Drijber (Gryptsjerk, 1 maart 1849 - Hurdegaryp, 9 jannewaris 1936) wie in Nederlânsk boargemaster.

Drijber waard berne yn Grypstjerk yn Grinslân as soan fan dûmny Berent Drijber en Catharina Sipka Willemina Oltkamp. Hy waard ferneamd nei syn pake Sikke Berends Drijber, ûnderdirekteur fan de Maatskippij fan Woldiedichheid. Hy wie in folle neef fan boargemaster Koos Drijber en luitenant-generaal Sipko Drijber.

Drijber wie fan 1873 oant 1876 stedssekretaris fan Warkum en waard dêrnei boargemaster fan Ezinge. Nei in jier ferruile er Ezinge foar East-Dongeradiel. Yn 1880 waard er beneamd as boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Hy wenne yn Tytsjerksteradiel oan de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp. Neist boargemaster wie Drijber ûnder mear lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân en sekretaris-ûntfanger fan it wetterskip It Suawâldsterfjild. Hy waard beneamd as Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau (1935).