Sint-Martinustsjerke (Tegelen)
De Sint-Martinustsjerke yn it Limburchske doarp Tegelen is de haadtsjerke fan 'e parochymienskip Tegelen-Steyl-Belfeld. De tsjerke is wijd oan Martinus fan Tours.
Sint-Martinustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Limburch | |
gemeente | Fenlo | |
plak | Tegelen | |
adres | Kerkstraat 1 | |
koördinaten | 51° 20' N 6° 08' Ekerk tege | |
Tsjerklike gegevens | ||
bisdom | Bisdom Roermond | |
patroanhillige | Martinus fan Tours | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Caspar Franssen | |
boujier | 1899-1900 | |
boustyl | Neogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 34982 | |
Webside | ||
FB-side parochyfederaasje | ||
Kaart | ||
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe hjoeddeiske Sint-Martinustsjerke fan Tegelen is in neogoatyske krúsbasilyk mei in fiifsidich sletten koer en in diels letgoatyske 68 meter hege toer fan fjouwer lidden mei in ynsnuorre spits. It hjoeddeiske tsjerkegebou is yn 1899-1900 neffens ûntwerp fan Caspar Franssen boud. De yn 1430 boude toer waard nei kriichsskea yn 1956 ferhege. It is tsjintwurdich de iennige midsiuwske tsjerketoer yn de gemeente Fenlo. Yn it âldste diel fan 'e toer steane ferskate grêfkrúskes, wijingskrúsen en mitselertekens, wêrfan't de oarsprong en betsjutting foar in part ûnbekend binne.
Der hawwe fjouwer ferskillende Martinustsjerken stien. De tsjerken waarden yn 'e rin fan de tiid ferboud of hielendal nij boud:
Skiednis
bewurkje seksjeEarste tsjerke
bewurkje seksjeNeffens de oerlevering waard de earste tsjerke fan Tegelen om 720 hinne troch de Ierske muonts Plechelmus fan Sint-Odiliënberg stifte en oan Sint Martinus wijd. Dy earste tsjerke wie nei alle gedachten in lyts, rjochthoekich houten gebou dat letter ôfbaarnde. De Sint-Martinustsjerke wie in saneamde ecclesia integra (ek wol ecclesia matrix), in memmetsjerke. Dat betsjut dat it in parochytsjerke wie mei 'folsleine rjochten', lykas it rjocht om de misse te lêzen, de eucharisty te fieren, de sakraminten te jaan en nije tsjerken te stiftsjen. De tsjerken fan Fenlo (± 760) en Kaldenkirchen (± 1250) en de folle letter stifte tsjerke fan Belfeld wiene ecclesiae mediae (mei stipe fan de memmetsjerke stifte dochtertsjerken) fan 'e parochy Tegelen.
Twadde tsjerke
bewurkje seksjeDe twadde Sint-Martinustsjerke wie in om 1150 hinne boude stiennen sealtsjerke yn romaanske styl, 14 meter lang en 7 meter breed. De ôfmjittings binnen fan it skip wiene 7,5 by 7 meter en fan it preesterkoer 6,5 by 4 meter. De basis fan it alter waard fûn yn 1899 by de ôfbraak fan 'e útbaarnde tredde tsjerke en wie 1,2 meter breed. By de ôfbraak waard fan dy twadde tsjerke binne ek dielen fan it romaanske doopfont út 1100 fûn (no yn 'e toer mitsele).
Tredde tsjerke
bewurkje seksjeDe tredde tsjerke waard yn 1430 yn letgoatyske styl boud en soe oant de brân fan 1898 yn de 19e iuw stean bliuwe. Dy tsjerke wie foars grutter: 30 meter lang en 16 meter breed, wylst it ferwulft in hichte hie fan 12 meter. Under it koer waard in krypte fan 6 by 6 meter oanlein. Fan dy tsjerke is de ûnderbou fan 'e doe 32 meter hege toer bewarre blean.
Yn 1774 krige de tsjerke in nije sakristy en yn 1798 waard in nije galerij foar it piipoargel oanskaft. Der folgen yn 'e 19e iuw restauraasjes en útwreidings oan 'e tredde tsjerke. Sa waarden it koer langer makke en de sydskippen op like lingte boud. Ek waard de sakristy troch nijbou ferfongen en mei in sierlik treptuorke oanfolle. By in restauraasje yn 1894 waard it piramidedak fan de toer ferfongen troch in hege spits mei 2 galerijen en 16 harkenielen.
Yn it ramt fan 'e ynhuldiging fan keninginne Wilhelmina waard op 31 augustus 1898 fjoerwurk yn 'e toer ôfstutsen. Dêrby ûntstie brân en de toer en de tsjerke baarnden folslein út. De ranenende klokken foelen dwers troch de oargelgalerij hinne en it krús fan 'e toer belâne op it hôf.
Fjirde tsjerke
bewurkje seksjeCaspar Franssen liet yn de jierren 1899-1900 it hjoeddeiske tsjerkegebou tsjin de oerbliuwsels fan de midsiuwske toer sette. Oars as de foargongers waard de nije tsjerke in krúsbasilyk. Op 'e nij waarden de ôfmjittings grutter: de tsjerke krige in lingte fan 50 meter, in dwersskip fan 30 meter en de hichte fan it ferwulft fan it middenskip waard 18 meter. It middenskip is 7 traveeën lang en hat lykas de oare skippen in krúsribferwulft, wylst it koer in stjerferwulft hat. Muorren en pylders binne fan skjin mitselwurk. De toer krige in achtsidige spits, op 'e nij mei 16 harkenielen, mar no mei ien galerij. Op de krusing fan de tsjerke waard in krusingstuorke set.
Keninginne Wilhelmina droech 10.000 gûne by foar de weropbou.
20e iuw
bewurkje seksjeYn 1909 waard it iuwenâlde begraafplak om 'e tsjerke foar it lêst brûkt. It wie te lyts woarn en der waard oan de Kerkhoflaan in nij begraafplak oanlein, dat noch jimmeroan yn gebrûk is. De nije tsjerke krige 63 brânskildere ramen, werfan't de lêste yn 1912 ynbrocht waard. De stuollen waarden yn 1935 ferfongen troch iken banken.
Tsjin it ein fan de Twadde Wrâldkriich rekke de tsjerke troch alliearde besjittings slim skansearre, om 't der tocht waard dat Dútsers de toer brûkten. De tsjerke krige nei de befrijing ynearsten in provisoarysk dak, dat tsien jier letter yn kombinaasje mei it ferheegjen fan 'e toer ferfongen waard troch in nije, ynsnuorre spits. Yn 1957 waard de yn 'e oarloch ôfsketten waarhoanne wer op de restaurearre toer set.
Ynterieur
bewurkje seksjeNei it foarderjen fan 'e yn 1900 getten klokken troch de Dútsers yn novimber 1942, krige de tsjerke yn 'e jierren 1947-1948 fjouwer nije klokken. Allinne it lytse Joannes-klokje yn de dakruter op de krusing oerlibbe de oarloch.
By de brân fan 1898 gyng ek it tsjerkeoargel út 1740 ferlern. Nijbou fan in twamanualich ynstrumint folge yn 1905 troch Th. Nöhren út Roermond. Yn 1955 brochten de bruorren Vermeulen út Weert grutte feroarings oan it ynstrumint oan. De spyltafel, traktuer en wynladen fan it pedaal waarden fernijd en der waard swelwurk set. Ek de disposysje feroare. Yn 1991 waard by it skjinmeitsjen fan it oargel de disposysje nochris feroare.
Keunstwurken yn de tsjerke:
Parochy
bewurkje seksjeYn 'e tiid fan it rike roomske libben (1860-1960) groeide de parochy foars en moasten der yn Tegelen nije parochy's stifte wurde. Yn 1931 waard de Hillich-Hert-fan-Jezustsjerke boud, yn 1933 folge de Sint-Rochustsjerke en yn 'e jierren 1949-1950 de Sint-Joazeftsjerke. Tegelen waard yn 1956 in selsstannich dekenaat, wêrûnder ek de parochy's Belfeld, Beesel en Reuver foelen.
Yn 'e jierren 1960 sette lykas yn 'e rest fan it lân in stadich proses fan ûntsjerkliking yn. De tsjerken waarden minder fol en in soad kamen allinne noch mei spesjale gelegenheden. Oaren lieten harren útskriuwe. Ek de yn 'e 20e iuw stifte parochy's soene wer opheft wurde: de Sint-Joazeftsjerke waard yn 2009 sletten, de Hillich-Hert-fan-Jezustsjerke en de Sint-Rochustsjerke folgen yn 2011. Foar Tegelen en Belfeld is hjoeddedei noch mar ien pastoar, dy't de Sint-Martinustsjerke betsjinnet.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Sint-Martinuskerk (Tegelen) (ferzje 4 april 2023)
|