Sint-Walburgatsjerke (Veurne)

De Sint-Walburgatsjerke is in goatysk tsjerkegebou yn 'e Belgyske stêd Veurne.

Sint-Walburgatsjerke
Lokaasje
lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
plak Veurne
koördinaten 51° 04' N 2° 40.6' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk Katolike Tsjerke
bisdom Brugge
patroanhillige Sint-Walburga
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
boustyl gotyk, neogotyk
monumintnûmer 16814
Webside
Parochy Kanaän
Kaart
Sint-Walburgatsjerke (West-Flaanderen)
Sint-Walburgatsjerke

De tsjerke ûnstie út in oan Us-Leaffrou wijde kapel. Yn 'e 10e iuw krige de tsjerke reliken fan Sint-Walburga, sadat de namme om dy tiid hinne feroare waard yn Sint-Walburgatsjerke.

De tsjerke krige ek in relikwy fan it Hillich Krús, dat de oanset betsjutte ta de oprjochting fan in bruorreskip, dy't prosesjes organisearre en oant yn 'e 20e iuw aktyf wie.

 
Ynterieur

Oan 'e tsjerke wie in kapittel fan 30 koarhearen ferbûn. De romaanske tsjerke waard yn 'e 13e of 14e iuw troch brân ferneatige en de weropbou folge yn 'e iergoatyske styl. Der waard ek mei de bou fan in nije westlike toer útein set, mar dy waard nea foltôge. De ûnderbou waard letter foar in skoft brûkt foar de opslach fan buskrûd en letter omboud ta in reinwetteropslach.

Tsjin de súdlike muorre fan 'e koeromgong waard yn 1529 in kapittelseal oanboud. Dêrby waard de súdlike romaanske earm fan it dwersskip ôfbrutsen en ferfongen troch in klassisistyske earm.

Yn 'e Frânske tiid waard it kapittel opheft en de tsjerke ferkocht om ôfbrutsen te wurden. De ynwenners fan Veurne slaggen der lykwols yn om harren eigen tsjerke werom te keapjen en sa bleau de tsjerke bewarre. Yn 'e jierren 1865-1874 waard it koer restaurearre.

Oan it begjin fan 'e 20e iuw folge de ôfbraak fan de âlde romaanske noardlike earm fan it dwersskip en de klassisistyske súdlike earm en de bou fan in nij neogoatysk transept mei in koart skip neffens de plannen fan de Gintske arsjitekt Auguste Van Assche.

 
Vigor Boucquet: Kristus wasket mei Syn bloed de sielen út it fagefjoer frij

De tsjerke is ryk oan skilderijen en ien fan 'e meast bekende dêrfan is Kristus wasket mei Syn bloed de sielen út it fagefjoer, in wurk fan Vigor Boucquet. De preekstoel datearret fan 1727. De koarbanken datearje fan 1596

It trijemanualige oargel waard yn 'e jierren 1743-1745 boud troch Jean-Godefroy Gobert en Joseph Bosquet en yn de jierren 1784-1785 troch Jean-Joseph Van der Haeghen fergrutte mei in posityf. Yn 'e Frânske tiid waard der in soad út de tsjerke stellen en ek de pipen fan it oargel wiene net feilich. Yn 1809-1813 renovearre René Germain it oargel. Dêrnei folgen ferskillende renovaasjes. Yn 'e jierren 1966-1967 krige it oargel fan 'e firma Joseph Loncke in soad nije pipen, nije mechaniken, wynladen, in nije wynfoarsjenning en in nije klaviatuer. Simmerdeis wurde der oargelkonserten yn 'e tsjerke jûn.

De tsjerke hat in koart skip en in yn ferhâlding lang koer fan fiif traveeën (ornearre foar de 30 koarhearen) mei in fiifsidige apsis. Op de krusing is in hege, slanke krusingstoer.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Sint-Walburgakerk (Veurne)