Sint-Fitustsjerke (Stiens)
De Sint-Fitustsjerke is in tsjerkegebou fan de PKN yn Stiens.
Sint-Fitustsjerke | ||
De tsjerke yn 2022 | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert | |
plak | Stiens | |
adres | Pieter Jellessingel 1 | |
koördinaten | 53° 15'N 5° 45'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Sint-Fitus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 12e iuw | |
boustyl | romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 24542 [1] | |
Webside | ||
PKN-gemeente Stiens | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeOm 1100 waard fanút de Sint-Fitus fan Aldehou de tsjerke yn Stiens stifte. De tsjerke waard wijd oan Sint-Fitus en Sint-Anne. De oarspronklike tsjerke hat nei alle gedachten fan dowestien west, dêr't noch wat fragminten fan oerbleaun binne. De Fitustsjerke hie in protte besit en der wie njonken in pastoar ek in fikaris en in legere geastlike, dy't de sakristy behearde.
Yn de tiid fan de reformaasje hold pastoar Ees Ekius yn 1567 foar it earst in protestantske tsjinst yn 'e tsjerke. Ek de fikaris Henricus wie de nije lear tadien. Hja binne letter flechte, mar Ees Eckuis is letter weromkommen en de earste dûmny fan Stiens wurden. Der wurdt wol tocht dat Hendricus yn 1599 ek dûmny fan Stiens west hat. Hja hawwe in grut tal opfolgers hân en guon dêrfan binne sels professor yn Frjentsjer wurden. In bekende dûmny hat J.A. Bruins jr. west.
Nei de ôfskieding en de doleânsje stiften rjochtsinnige leden yn 1924 fanwegen de frijsinnigens yn de herfoarme tsjerke in eigen herfoarme evangelisaasjegebou. Yn de jierren 1970 waard it herfoarme evangelisaasjegebou sletten en wie der wer sprake fan ien herfoarme gemeente.
Ynterieur
bewurkje seksjePreekstoel
bewurkje seksjeDe preekstoel is oarspronklik út de 17e iuw. Yn 1914 waard it koar ôfskieden fan it skip. De preekstoel krige doe in oar plak. Dit liket net sa sêftsinnich bard te wêzen. By de restauraasje yn 1974-76 is de preekstoel wer op syn âlde plak werom set. Dit kaam út op in hast komplete fernijing yn âlde styl.
Hearebanken
bewurkje seksjeDer binne ek noch in tal hearebanken. De moaiste is de saneamde Burmaniabank.
Oargel
bewurkje seksjeYn 1555 en 1567 wurdt der yn Stiens in organist neamd mar fan it doetiidske oargel is fierder neat bekend. Om 1648 hinne joegen de tsjerkfâden opdracht oan de Dútske bruorren Arnold en Tobias Bader om in nij oargel te bouwen, dy't yn Ljouwert harren bedriuw hiene. Yn de jierren 1776-1777 krige it oargel in nij oargelkas. De bruorren L. en J. Van Dam boude yn 1829 efter de besteande oargelkas in nij ynstrumint. Dêrby makken hja gebrûk fan de âlde Bader-pipen.
Tagelyk mei de restauraasje fan de tsjerke restaurearre Bakker & Timmenga it oargel. It oargel is wer op syn âlde plak wer werom brocht en is restaurearre sa as dat der 1830 oplevere wie.
Grêven
bewurkje seksjeYn ede tsjerke binne der noch sa’n 13 âlde grêfsarken. De moaiste sark is dy fan Phillip fan Boschhuyzen (ferstoarn yn 1652) en syn frou Anna fan Eysingha (ferstoarn yn 1655). Phillip fan Boschhuyzen wie grytman fan It Bilt, en wenne yn Stiens. Anna fan Eysingha har namme libbet noch yn it troch har stifte Boschuyzer Gasthûs oan it Jakobiner Tsjerkhôf yn Ljouwert.
De toer en de klokken
bewurkje seksjeBy de restauraasje is ek de 15e-iuwske toer op ‘e nij restaurearre. Yn de toer hingje trije klokken dy’t de klokkerôf yn de oarloch oerlibbe hawwe. De âldste is yn 1381 getten en hat as namme Maria. De twadde is út 1509 of 1560. Dy draacht de nammen fan de patroanhilligen Sint-Anna en Sint-Fitus. De jitter wie Arent van Wou. De tredde draacht de namme 'Jehsus' en is yn 1607 makke troch Gregorius fan Hall. Der wurdt wol tocht dat de Marije-klok tsjinne hat as misklok.
Tsjerkhôf
bewurkje seksjeOm de tsjerke leit in tsjerkhôf yn in aaifoarm. Om it hôf hinne stiet in krâns fan âlde linebeammen. De tagong is troch draaihikjes, dy't eartiids de losrinnende kij fan de feemerk fan it tsjerkhôf hâlde moasten. It tsjerkhôfstek is út 1820.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|