Sintraal Komitee 1945

It Sintraal Komitee 1945 (Nederlânsk en offisjeel: Centraal Comité 1945) wie in stifting yn 'e Fryske stêd Harns dy't fuort nei de befrijing fan Fryslân oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch oprjochte waard mei as earste doel om in befrijingsfeest te organisearjen. Foar de inisjatyfnimmers fan 'e organisaasje wie it Sintraal Komitee ek in manear om in frisse start te meitsjen los fan 'e foaroarlochske sitewaasje, doe't eltse Harnzer wyk en eltse maatskiplike pylder yn 'e stêd eigen feestorganisaasjes hie.

Sintraal Komitee 1945
Centraal Comité 1945
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. stifting
wurkmêd kultuer yn Harns
fêstige yn Harns
oprjochte 1945
opdoekt 2020
offisjele webside
www.cc45harlingen.nl

Njonken de organisaasje fan in befrijingsfeest foar ien kear woe it Sintraal Komitee ek fêste feest- en tinkdagen organisearje en kulturele aktiviteiten yn Harns befoarderje dy't it wenjen en wurkjen yn 'e stêd oanfiteren. Yn lettere jierren wie de stifting sadwaande belutsen by de Harnzer fierings fan Befrijingsdei en Deadebetinking, de feestwike yn juny, de yntocht fan Sinteklaas en withoefolle oare weromkearende eveneminten of feesten foar ien kear. Fierders ekploitearre it Sintraal Komitee tweintich jier lang, fan 1971 oant 1991, it sosjaal en kultureel sintrum Trebol (dat yn 2020 sloopt waard om romte te meitsjen foar nije wenningbou).

Begjin 2020 makke it Sintraal Komitee bekend dat it ornearre dat syn doelstellings nei 75 jier folslein berikt wiene. It wie de bedoeling om mei de organisaasje fan 'e festiviteiten yn it ramt fan Befrijingsdei, op 5 maaie 2020, in ein oan it wurk fan 'e stifting te breidzjen, mar dat moast troch de pandemy fan it koronafirus spitigernôch oergean. Wol organisearre it Sintraal Komitee yn novimber 2020 noch ien kear de útrikking fan 'e Anton Wachterpriis, in oanfiteringspriis foar debutearjende skriuwers.

Ta gelegenheid fan 'e opheffing fan it Sintraal Komitee waard troch de stifting, y.g.m. Flevomedia en de Feriening Ald Harns, in livich boek útbrocht mei as titel De Bevrijding van Harlingen/75 Jaar Centraal Comité 1945. Dat boekwurk bestie út twa dielen; yn it earste part waard beheind ferslach dien fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn Harns (dêr't al earder wiidweidiger oer ferteld wie yn 'e boeken fan histoarikus Jan Norg), wylst yn it twadde diel de skiednis fan it Sintraal Komitee sels beskreaun waard. It wurd foarôf fan it boek wie fan 'e hân fan boargemaster Roel Sluiter.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Pennewaard, Koen, Centraal Comité na 75 jaar klaar, yn: de Ljouwerter Krante, 7 april 2020, s. 25.