Skiednis fan Drachten

Yn dit artikel wurdt de skiednis fan Drachten beskreaun.

Noarder Drachten om 1700 hinne, mei Dwersfeart en wiken it fean yn

Op de eastigge fan it rivierke De Drait begjint de skiednis fan Drachten. Om it jier 1200 hinne waard der in lytse stiennen tsjerke boud (op it plak fan de hjoeddeiske PKN-tsjerke 'de Arke'). Dy tsjerke hat sa'n 200 jier yn gebrûk west, oant it opkommend wetter de minsken fierder nei it easten dreaun. Dêr ûntstienen Noarder Drachten en Suder Drachten.

Turfdollerij

bewurkje seksje
 
De tsjerke fan Noarder Drachten yn 1722
 
Tsjerke em klokkestoel fan Suder Drachten yn 1723

Om 1550 hinne wie de Hollânske feanreserve op. Turf wie in wichtige enerzjyboarne wurden foar partikulieren en yndustry en der waard ûnder oaren sjoen nei ûntginningsmooglikheden yn Fryslân. It ferlet fan it hurd waaksjende Hollân yn de 17e iuw wie lykwols grutter as dat Fryslân leverje koe.

Lange tiid bestiene allinnich de doarpkes Noarder- en Suder-Dragten dy't mei elkoar ferbûn wiene troch in slingerjende lânwei.
Yn 1641 gienen de boeren fan Noarder Drachten en Suder Drachten in oerienkomst oan mei begoedige lju út De Haach, de 'Drachtster Kompanjons'. Ien fan dy jildsjitters wie sakeman Passchier Hendriks Bolleman út De Haach. Yn de oerienkomst waard fêstlein dat de turf út Smellingerlân allinne bestimd wie foar de Hollânske yndustry. Om it eastlik lizzende feangebiet ûntginne te kinnen, waard yn dy snuorje ek de Noarder- en Suderdwersfeart mei tal fan wiken groeven. Foar it ferfier per skip waard de Drachtster Kompanjonsfeart oanlein. 800 arbeiders hawwe in jier lang oan 't dollen en kroadzjen west om dat klear te krijen. Bylâns beide fearten en de âlde lânwei waarden huzen en bedriuwen boud. Op it plak dêr't de nije feart en de âlde wei fan Noard- nei Súd-Drachten elkoar krústen ûntstie Drachten. Dêr ûntstiene skipshellingen, herbergen, winkels, touslaggerijen, ensafuorthinne. It ekonomyske súkses fan de turfdollerij duorre lykwols net sa lang (it hat sels laat ta Passchier Bolleman's fallissemint). Doe't it ferfeanjen dien wie, bleaune earme arbeiders efter; guon waarden gernier, mar de measten wienen net sa gelokkich.

Sa stadichoan ûntstie der ek in saneamde 'geseten boppelaach'. Dat wienen de boargers dy't yn de 19e iuw it heft yn hannen namen, bestjoerlik, mar ek kultureel en tsjerklik. De gong fan saken waard benammen bepaald troch sa'n tsien oant fyftjin famyljes, dy't elkoar ek noch faak nei stiene yn bloed- en sibskip. It hat oant begjin 19e iuw duorre ear't de beide Drachtens offisjeel ien bestjoerlike ienheid foarmen. [1] De turfwinning hat sa'n twa iuwen duorre. De bewenbere grûn wie sterk tanomd, mar de ûndernimmers dy't ryk wurden wiene fan de turf diene net folle mei de grûn. Se ferhuzen faak nei De Sweach en bouden dêr bûtenpleatsen. Om 1830 waard der in gemeentehûs yn Drachten setten en ferhuzen in soad notabelen fan Aldegea nei Drachten.

 
Satellytfoto Drachten

Drachten hat nea stedsrjochten krige, dat it is hieltyd noch in flekke (allinnich troch grutte, yndustry en iepenbiere foarsjenningen wurdt Drachten faak in stêd neamd). Begjin jierren fyftich fan de 20e iuw hie it plak tsientûzen ynwenners. Drachten groeide tusken 1950 en 1991 mei trochsneed 1.000 ynwenners yn it jier. De komst fan it Philips-fabryk yn 1950 hat dêr in grutte ympuls ta jûn.

Nei 1808 wie der yn Smellingerlân in ôfdieling fan de Maatskippij ta Nut fan it Algemien, dy't ek goed wurk die middels it oprjochtsjen fan in bibleteek en in sparbank en it stypjen fan ûnderwiis. Fan de nije ynwenners kaam de helte út Fryslân, de oare helte út de rest fan Nederlân en mei in lichte oerfertsjintwurdiging fan Grinslanners en Drinten. In tsjinstelling tusken âlde en nije Drachtsters hat der nea west.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. P. van Schaik, dr. J. J. Spahr van der Hoek (red), Geschiedenis van Smallingerland. De Tille - Ljouwert, 1976.