Skiednis fan it Noardfrysk

De skiednis fan it Noardfrysk begjint yn likernôch it jier 800.

Noardfryske dialekten

Kolonisaasje

bewurkje seksje

De Noardfryske eilannen waarden om 800 hinne kolonisearre troch Friezen dy't ôfkomstich wienen fan 'e súdlike Noardseekust. Mûglik hat dêrby eilân Hilgelân, yn 'e Dútske Bocht, foar dy tiid ek al troch Friezen bewenne west. By dizze earste kolonisaasjeweach gong it nei alle gedachten om lju dy't oan 'e stadige ûnderwerping fan Fryslân troch de Franken, tusken 689 en 785, ûntkomme woenen. Men kin dan bygelyks tinke oan Fryske eallju dy't te grutsk wie om harren oan 'e nije ferhâldings oanpasse te wollen, of oan guons dy't wegeren om it troch de Franken opleine kristendom oan te nimmen. Dy lju folgen nei alle gedachten de bekende hannelsrûten fan Fryslân nei Denemark, by de kust lâns of oer it wetter, en setten harren nei wenjen op 'e wiete lannen fan de súdlike westkust fan Jutlân.

It hjoeddeiske Noardfryske fêstelân waard pas Frysk doe't om 1100 hinne in nije weach fan Fryske kolonisten út it suden kaam. Men nimt faak oan dat de Deenske keningen hjirta de oanset joegen, mei't dy it troch oerstreamings en stoarmfloeden tin befolke gebiet wer bewenne hawwe woenen.

Taalkundigen kinne der gjin útspraken oer dwaan wêr't de Friezen weikamen dy't de Noardfryske eilannen kolonisearren, om't it Frysk om 800 hinne noch te min regionale dialektyske ferskillen koe. Wol giet men der fanút dat de lju dy't om 1100 hinne it Noardfryske fêstelân kolonisearren, ôfkomstich wienen út it gebiet beëasten de Lauwers, it no yn Dútslân leine East-Fryslân en de Grinzer Ommelannen.

Iere Skiednis

bewurkje seksje

Bestjoerlik sjoen wie Noard-Fryslân iuwenlang ferdield yn trettjin rjochtsgebieten: de hiirden (Harden yn it Dútsk). Benammen de Fryske hiirden wienen yn wêzen boererepublykjes dy't hast alle saken sels regelen en dêr't it Deenske regear net in protte oer te fertellen hie. Yn 1344 ferlearen de Noardfriezen troch harren nederlaach yn 'e Slach by Langsundtoft lykwols foargoed harren ûnôfhinklikens.

In swiere striid fochten de Noardfriezen ek tsjin 'e see. Harren earste kustline waard ta in groep eilannen, nei alle gedachten troch it opkommen fan de see. De grutste wettersneedsrampen út 'e Noardfryske histoarje fûnen plak yn 1362 en yn 1634. By de stoarmfloed fan 1362 ferdwûn de grutte havenstêd Rungholt ûnder de weagen en wêrtroch it doetiidske eigen ekonomysk en polityk sintrum foar Noard-Fryslân ferdwûn.

By dy oerstreaming fan 1634 waard Strân, doedestiids it grutste en rykste eilân fan Noard-Fryslân, fuortspield. Strân wie ek in bastion fan 'e Noardfryske taal, en it ferlies derfan wie in klap dy't it Noardfrysk nea wer te boppe kommen is. Hast trijefearn fan 'e befolking - sa'n seistûzen minsken - kaam by de oerstreaming om it libben. De oerlibjenden woenen eins net mear werom, mar se waarden troch de autoriteiten twongen om it lân wer yn te dykjen. Sadwaande ûntstienen de hjoeddeiske eilannen Pellworm en Noardstrân, dy't eins mar lytse oerbliuwsels fan Strân binne. Mar trochdat der in grut tal kolonisten út 'e Súdlike Nederlannen oanlutsen waard, wie it dêrnei mei it Noardfrysk ôfrûn op dy eilannen.

Taalrenêssânse

bewurkje seksje
 
It Noardfryske taalgebiet no en oan it begjin fan 'e tweintichste iuw yn 'e Kreis Noard-Fryslân.

De ierst bekende tekst yn it Noardfrysk is in oersetting fan 'e kategismus fan Luther út likernôch 1600. Dat wie yn dy tiid lykwols in unikum, want it Noardfrysk wie tradisjoneel útslutend in sprektaal; skriuwen waard dien yn it Nederdútsk, it Dútsk of it Deensk. Earst oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw kaam dêr feroaring yn. Dat barde doe't de minsken ynteresse krigen yn 'e eigen taal troch de streaming fan 'e Romantyk en de ynfloed dat it wurk fan taalkundigen lykas de bruorren Grimm doe yn Dútslân hie.

Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw krige it Noardfrysk as kultuertaal in nije ympuls, doe't der fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân út kontakt socht waard mei de Noardfriezen.

It duorre noch oant 1924 ear't it Noardfrysk in frijbliuwend plak yn it ûnderwiis krige, mar dochs wie dat tige ier yn ferliking mei oare Westjeropeeske minderheidstalen. Hjirby spile fansels mei dat de Dútsers de Earste Wrâldoarloch ferlern hienen en ek de ynfloed dy't de Deenske minderheid yn Súd-Sleeswyk útoefene.

Lykwols ûnderfûn it Noardfrysk der grutte praktyske en finansjele behinderings by, want troch de ferskillen tusken de dialekten en it ûntbrekken fan in standerttaal moast elts dialekt syn eigen learmiddels ûntwikkelje. Sa wie bygelyks it earste Noardfryske skoalboek, it Söl'ring Leesbok, in lêsboek yn it dialekt fan Söl, dat al publisearre waard yn 1909. It twadde Noardfryske skoallêsboek, yn it dialekt fan Feer en Oomram, it Ferreng-Ömreng Lesbuck, waard lykwols pas útjûn yn 1925. Dêrnei folge it Frasch Leseböck, foar guon fan 'e fêstelândialekten, yn 1926, mar it lêsboek foar it dialekt fan Hilgelân, mei de titel Van Boppen en Bedeelen, ferskynde pas yn 1937.

Yn 'e Nazytiid wienen de Noardfriezen oer it algemien trouwe oanhingers fan Adolf Hitler en syn NSDAP. In protte ôfwikende stimmen wienen der net, mar dochs kamen se wol foar. Ien fan 'e bekendste wie Jens Mungard, de grutste dichter út 'e skiednis fan it eilân Söl. Hy stie in opname fan Noard-Fryslân yn Denemark foar en sette it ideaal fan 'e Fryske Frijheidsstriid fuort. Yn 1940 is er ferstoarn yn it konsintraasjekamp Sachsenhausen.

Hoewol't de Noardfriezen, as Germaansk folk, oars moai yn 'e rasse-ideology fan 'e Nazys pasten, kamen der ûnder Hitler gjin maatregels om harren taal of kultuer te stypjen. Krekt oarsom, yn 1938 waard alle ûnderwiis yn it Noardfrysk beëinige en doe't in jier letter de Twadde Wrâldoarloch begûn, waard de oplibbing fan 'e Noardfryske taal en kultuer fan hegerhân hielendal smoard.

Nei de Oarloch

bewurkje seksje

Nei de Twadde Wrâldoarloch waard Noard-Fryslân, krekt as grutte parten fan westlik Dútslân, oerspield troch Dútske flechtlingen út 'e ferlerngiene eastlike gebieten Pommeren, Poasen, Sileezje en West- en East-Prusen. Fierwei de measten fan dy nijkommers namen net de muoite om Noardfrysk te learen, eat dat fansels in jammerdearlike útwurking foar de taalsitewaasje hie.

It eilân Hilgelân waard ekstra hurd troffen troch de oarloch en syn neisleep. Fanwegen de marinebasis op it eilân, dêr't se ûnder de oarloch in protte lêst fan hân hienen, besleaten de Alliëarden op oantrúnjen fan 'e Britten dat eilân letterlik fan 'e kaart ôf te bombardearjen, dat it yn alle gefallen nea wer troch de Dútsers as in militêre foarpost brûkt wurde kinne soe. Hoewol't it plan net slagge, mochten de nei it fêstelân deportearre Hilgelanners pas yn 1952 nei harren eilân werom. Tsjin dy tiid hienen se har lykwols al foar in grut part fermingd mei oare flechtlingen, nammentlik dy út 'e eastlike gebieten. It resultaat dêrfan wie, dat yn 'e sechstiger jierren - sa't in offisjeel ûndersyk oantoande - 95% fan 'e Hilgelânske skoalbern in heit of mem hie dy't oarspronklik net fan it eilân kaam. Men kin jin wol yntinke wat dat foar it Hilgelânsk betsjutte.

In oare tebeksetter foar de aspiraasjes fan 'e Noardfriezen wie, dat de spjalting tusken nasjonalisten (feriene yn 'e Foriining for nationale Friiske - "Feriening foar Nasjonale Friezen") en loyalisten (fertsjintwurdige troch de Nordfriesische Verein - "Noardfryske Feriening"), dy't fuort nei de Earste Wrâldoarloch ûntstien wie, gewoan fuortbestie. It duorre oant 'e oprjochting fan it Nordfriisk Instituut ("Noardfrysk Ynstitút"), in soarte fan taalakademy, yn 1965, ear't de beide organisaasjes ta gearwurking komme koenen.

Op it front fan 'e striid foar Noardfrysk ûnderwiis wie it nei de oarloch in hoart stil, mei't ynearsten de weropbou en de opfang fan 'e flechtlingen wichtiger fûn waard. Wol waard it talitten fan it Noardfrysk as in opsjoneel lesfak yn it ûnderwiis yn 1947 fêstlein yn 'e ûnderwiiswet fan Sleeswyk-Holstein. It duorre lykwols oant 'e ein fan 'e fyftiger jierren ear't it Noardfrysk wer op likernôch tweintich doarpsskoallen, fral op 'e eilannen, ynfierd waard as lesfak. Dy ûntwikkeling berikte syn hichtepunt doe't dat ek op it gymnasium fan Wyk, op Feer, barde.