Skiednis fan Noard-Fryslân
De side Skiednis fan Noard-Fryslân beskriuwt de skiednis fan de regio Noard-Fryslân en de skiednis fan it bestjoerlike distrikt Noardfryslân.
Skiednis fan Fryslân |
Skiednis fan Fryslân Fryslân yn de Midsiuwen Dieling nei de midsiuwen Hjoed |
Iere skiednis
bewurkje seksjeKolonisaasje
bewurkje seksjeSa om it jier 700 hinne hawwe Friezen de Noardfryske eilannen kolonisearre. It is net wis wêr't hja krekt weikamen, mar der wurdt oannaam dat dizze earste weach ferbân hie mei de kriich tusken Franken en Friezen. De twadde weach hat om it jier 1100 hinne plak hân; dy groep, út Easterlauwersk Fryslân, hat him op it fêstelân fêstige.
Tretjin hiirden
bewurkje seksjeBestjoerlik sjoen wie Noard-Fryslân iuwenlang ferdield yn trettjin rjochtsgebieten: de hiirden (Harden yn it Dútsk). Benammen de Fryske hiirden wienen yn wêzen boererepublykjes dy't hast alle saken sels regelen en dêr't it Deenske regear net in protte oer te fertellen hie.
Frijheidsstriid tsjin de Deenske Kroan
bewurkje seksjeDe belestings dy't de Noard-Friezen betelje moasten laten al yn 1151 ta de Slach by Mildeburch. Mei de beneaming fan hartoch Abel fan Sleeswyk ta kening fan Denemark kaam de âlde diskusje werom. De Noard-Friezen moasten neffens kening Abel fan Denemark mear belesting betelje en dy teach mei in strafekspedysje nei Eiderstedt yn 'e winter fan 1251/52, dy't net folle opsmiet. Uteinlik stoat kening Abel fan Denemark troch in pylk yn de Slach by Oldenswort dy't wûn is troch de Noard-Friezen. Yn 1344 ferlearen de Noard-Friezen troch harren nederlaach yn 'e Slach by Langsundtoft lykwols foargoed harren ûnôfhinklikens.
Under Prusen
bewurkje seksjeOant 1864 hearde Noard-Fryslân ûnder de Deenske Kroan. Yn it jier 1864 waard Sleeswyk-Holstein ûnderdiel fan Prusen. It gebiet tusken de Eider en de grins mei Denemark wie bestjoerlik ferdield yn trije Kreisen; Eiderstedt, Hüsem en Tondern.
Referindum 1920
bewurkje seksjeNei de Earste Wrâldkriich waard yn it jier 1920 in referindum holden yn de bestjoerlike distrikten yn Noard- en Midden-Sleeswyk oer de lângrins tusken Denemark en Dútslân. Tusken de Friezen wie der frijwat diskusje oer it referindum. De nasjonale Friezen seagen harsels as selsstannich folk en woenen it leafste by Denemark hearre. De Dútsksinnige Friezen, ferienige yn de Nordfriesische Verein, woenen by Dútslân hearre. De Dútsksinnige Friezen, dy't in grutte mearderheid foarmen, ûndertekenen manmachtich de Bohmstedter Richtlinien dêr't se yn ferklearren dat de Noard-Friezen yn 'e rin fan 'e tiid Dútsers wurden binne. De nasjonale Friezen wienen dêr fûl op tsjin.
Twadde Wrâldkriich
bewurkje seksjeFerkiezingsjier | Südtondern | Hüsem | Eiderstedt | Sleeswyk-Holstein | Dútske Ryk |
---|---|---|---|---|---|
1930 | 25,3 % | 36,8 % | 34,0 % | 27,0 % | 18,3 % |
1932 (I) | 64,5 % | 68,6 % | 60,2 % | 51,0 % | 37,4 % |
1932 (II) | 68,2 % | 63,2 % | 56,9 % | 46,7 % | 33,1 % |
1933 | 73,5 % | 68,5 % | 63,2 % | 53,3 % | 43,9 % |
Yn de Nazytiid wienen de Noardfriezen oer it algemien trouwe oanhingers fan Adolf Hitler en syn NSDAP. In protte ôfwikende stimmen wienen der net, mar dochs kamen se wol foar. Ien fan de bekendste wie Jens Mungard, de grutste dichter út de skiednis fan it eilân Söl. Hy stie in opname fan Noard-Fryslân yn Denemark foar en sette it ideaal fan de Fryske Frijheidsstriid fuort. Yn 1940 is er ferstoarn yn it Konsintraasjekamp Sachsenhausen.
Hoewol't de Noardfriezen, as Germaansk folk, oars moai yn de rasse-ideology fan de Nazys pasten, kamen der ûnder Hitler gjin maatregels om harren taal of kultuer te stypjen. Krekt oarsom, yn 1938 waard alle ûnderwiis yn it Noardfrysk beëinige en doe't in jier letter de Twadde Wrâldoarloch begûn, waard de oplibbing fan de Noardfryske taal en kultuer fan hegerhân hielendal smoard.
Bestjoerlike weryndieling 1970
bewurkje seksjeTroch in weryndieling waarden dy trije bestjoerlike distrikten op 26 april 1970 gearfoege ta ien en krige as namme „Kreis Nordfriesland“ mei Hüsem as haadplak fan it bestjoer. It nije bestjoerlike distrikt kaam rûchwei oerien mei de regio Noard-Fryslân, allinnich it eilân Hilgelân binne it „Kreis Pinneberg“.
Sjoch ek
bewurkje seksje- Skiednis fan it Noardfrysk
- It bestjoerlik distrikt Noardfryslân.
- De regio Noard-Fryslân, en it eilân Hilgelân histoarysk/kultureel ûnderdiel fan binne.
Fierder lêze
bewurkje seksje- Harry Kunz: Heimat Nordfriesland: ein Kanon friesischer Kultur, útjouwerij Nordfriisk Instituut, Bräist/Bredstedt 2011, 192 siden, ISBN 978-3-88007-364-7
- Albert Bantelmann, Rolf Kuschert, Albert Panten, Fiete Pingel, Thomas Steensen: Geschichte Nordfrieslands Band 1 - 6, útjouwerij Nordfriisk Instituut, Bräist/Bredstedt, seis bannen beslaan mei-inoar 896 siden, ISBN 978-3-88007-358-6,
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|