De Skylger flinter of grutte iisfûgelflinter (limenitis populi) is in flintersoarte yn it skaai fan de iisfûgelflinters (Limenitis).

Skylger flinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje aureliaflinters (Nymphalidae)
skaai iisfûgelflinters (Limenitis)
soarte
Limenitis populi
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

De flinter komt yn Nederlân allinnich noch foar op westlik Skylge. Mar dêr ek net yn grutte oantallen. It is in tige honkfêste soarte. De flinter hâldt fan iepen leafbosken.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as ferdwûn, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.

De flinter fljocht fan ein maaie oant heal augustus. Hy fljocht altyd yn 1 generaasje.

De wjuklingte is likernôch 32 oant 43 mm. De boppekant fan de wjukken is brún mei op de efterrâne in rige oranje moanneplakken. By de wyfkes is in wite bân op de boppekant fan de efterwjuk te sjen. By de mantsjes is dit net of hast net te sjen.

De rûp oerwinteret as in healwaaks rûp. Se meitsje fan tûken en blêden in ûnderkommen.

De rûp fret fan de kletterbeam en de peppel.