Slach oan de Hase
De slach oan de Hase fûn plak oan de Hase, in sydrivier fan Iems, yn de omkriten fan it tsjintwurdige Osnabrück. De fjildslach wie ien fan fjouwer slaggen dy't Karel de Grutte levere tsjin de Saksen yn de Saksekriich en moat sjoen wurde as de fuortsetting fan de Slach by Detmold inkele dagen earder.
Eftergrûn
bewurkje seksjeNettsjinsteande de lange doer fan de Saksekriich, fierde Karel mar in pear kear in rjochtstreekse gefjocht tsjin de Saksen. Yn 783 wienen twa slaggen koart efterinoar yn in tiidsbestek fan inkele dagen. De slach by Detmold wie it earste treffen dat fuortset wurde soe yn de slach oan de Hase. Oer it ferrin fan de twa slaggen is net folle bekend, mar it moat der fûl oan ta gien wêze, wêrby't Saksyske froulju mei ûntbleate boarsten harren op de oerfallen Franken stoart hawwe soenen. De slach by Detmold einige ûnbeslist en baarnde inkele dagen letter op 'e nij los oan de Hase. Troch Karel waard no wol de oerwinning behelle en de Saksen ferslein.
Nei ôfrin fan dizze fjildslaggen wienen de Saksen troch Karel de Grutte sa bot ferslein dat sy dêrnei net langer mear iepentlik tsjin him doarren te striden. Lykwols hienen ek de Franken grutte ferliezen yn de slaggen.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |