Sligachan
Sligachan (Skotsk-Gaelysk: Sligeachan) is in doarp op it eilân Skye, yn 'e Binnenste Hebriden, foar de noardwestkust fan Skotlân. It leit oan it krúspunt fan wegen dy't nei Portree, Dunvegan en Broadford liede. It doarp stiet benammen bekend om syn pittoreske âlde brêge, dy't oer de rivier de Sligachan liedt. Tichteby Sligachan leit it Cuillin-berchtme en men hat út it doarp wei in goed útsjoch op 'e Black Cuillin.
Sligachan | ||
It Sligachan Hotel. | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Lânsdiel | Skotlân | |
Luitenantskip | Ross and Cromarty | |
Riedsgebiet | Highland | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 75 (2011) | |
Oar | ||
Stifting | Midsiuwen | |
Tiidsône | UTC | |
Simmertiid | UTC +1 | |
Koördinaten | 57°17′21″N 6°10′32″W | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeNeffens de oerlevering soe de Hear fan 'e Eilannen (de haadman fan 'e Clan Donald) it eilân Skye yn 1395 oanfallen hawwe. Mar William MacLeod, de haadman fan 'e Clan MacLeod, mette de MacDonalds by Sligachan en sloech harren tebek nei Loch Ainort, dêr't se oan lân kommen wiene. Dêr oankommen, ûntdieken de ynfallers dat harren boaten der net mear leine, mei't dy troch MacAskills de see opfearn wiene. Alle MacDonalds dy't oan 'e wraam op Skye dielnommen hiene, fûnen de dea doe't de MacLeods harren op it strân oer it mad kamen.
De oarlochsbút waard neitiid troch de MacLeods ferdield op in plak dat Creggan ni Feavigh ("Bútrots") of Creag an Fhannaidh ("Rots fan it Strûpen") neamd wêze soe. Dat wurdt wol identifisearre as de saneamde Bloody Stone yn Harta Corrie, ûnder de hichten fan Sgurr nan Gillean.
Foarsjennings
bewurkje seksjeYn 1830 waard der in hotel boud yn Sligachan. Dat hie twa redens. Yn it foarste plak leit it doarp op in wichtich krúspunt fan wegen op Skye. En dêrby kaam dat in protte berchbeklimmers yn 'e neite fan it doarp ûnderdak sochten om't se dêrwei de Cuillin beklimme woene. Hjoed de dei is der by it hotel ek in kampearterrein. Fierders is der yn Sligachan in mikrobrouwerij, dy't fêstige is yn itselde gebou as it hotel.
Demografy
bewurkje seksjeNeffens de Britske folkstelling fan 2011 hie Sligachan doe in befolking fan 75 minsken.
Keppelings om utens
bewurkje seksje● (in) Offisjele webside fan it Sligachan Hotel
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|