Slot Schönhausen
Het Slot Schönhausen (Schloss Schönhausen) is een barok slot yn it Berlynske stedsdiel Niederschönhausen fan it distrikt Pankow. It slot stiet midden yn in park, dêr't it rivierke de Panke troch hinne streamt. It skiedkundige belang van it slot is dat it ûnder it regear fan Frederik de Grutte as simmerresidinsje fan syn frou keninginne Elisabet Christine fan Prusen tsinne. Ek de earste en iennige presidint fan de Dútske Demokratyske Republyk (DDR), Wilhelm Pieck, makke gebrûk fan it slot.
Schloss Schönhausen | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Berlyn | |
distrikt | Pankow | |
plak | Niederschönhausen | |
adres | Tschaikowskistraße 1, 13156 Berlin | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Slot | |
boujier | 1664, weropbou nei ferwoastging yn 1763 | |
arsjitekt | Johann Arnold Nering; weropbou troch Jan Bouman | |
boustyl | Barok | |
offisjele webside | ||
Slot Schönhausen |
Skiednis
bewurkje seksjeIt wie de yn 1620 yn Vianen berne grevinne Sophie Theodore fan Brederode (* 1620- † 1678), dy't yn 1664 fier bûten de doedestiidske stedsgrinzen fan Berlyn op it plak in hûs yn Hollânske barokstyl bouwe liet. Fan ôf 1704 liet kening Frederik I it hûs útwreidzje mei in noardlike en súdlike fleugel. Ek de tún waard kreas oanlein en fergrutte. Mar nei de dea fan de kening ferlear it slot de keninklike belangstelling en waard it bewenne troch hofamtners.
It slot rekke yn dy tiid yn it neigean, oant yn 1740 keninginne Elisabet Christine fan Brunswyk-Bevern it slot fan har man Frederik II krige om't hja dêr sa graach wêze mocht. De keninginne brûkte it slot as simmerresidinsje, mar wenne it grutste part fan de tiid yn it foar har reservearre diel yn it ûnbidich grutte Berlynske slot. Tusken 1740 en 1797 besocht hja hast alle jierren Schönhausen en hja liet stadichoan it park yn in rokokotún feroarje. De kening, dý't leaver apart fan syn frou libbe, hat sels nei alle gedachten nea yn Schönhausen west.
Yn de Sânjierrige Oarloch wenne de keninginne in tal jierren yn de fêsting Maagdenburch, wylst Russyske troepen op nei Berlyn teagen en it slot Schönhausen folslein fernielden. Nei 1764 folge de weropbou fan it slot yn de tsjintwurdige steat. De beide fleugels fan it gebou waarden by dy gelegenheid troch de arsjitekt Jan Bouman op like hichte brocht as it kearngebou.
Nei de dea fan keninginne Elisabeth Christine yn 1779 waard it slot ynearsten noch út en troch bewenne. Yn de jierren 1828-1829 waard it park yn in Ingelske tún noch feroare, mar sawol it slot en it park rekken yn de twadde helte fan de 19e iuw yn it neigean. It slot tsjinne doe allinne noch foar de opslach fan skilderijen en meubilêr.
20e iuw
bewurkje seksjeNei de Novimberrevolúsje gyng it slot oer yn 'e hannen fan de steat. It ferfal sette troch oant 1935, doe't mei in belangrike renovaasje en modernisaasje fan it gebou út ein setten waard. Yn 1936 waard it wer iepen en tal fan útstallings waarden yn it slot holden. Tusken 1938 en 1941 tsjinne it slot ek as opslach foar de út Dútske musea ôfkomstige keunstwurken, dy't troch it nazy-bewâld ûnder de kategory Entartete Kunst oardere wiene. Mear as 780 skilderijen en bylden en 3500 wurken op papier waarden opslein; dêrûnder wurk fan Ernst Barlach, Wilhelm Lehmbruck, Vincent van Gogh en Franz Marc.
Yn de Twadde Wrâldkriich rekke it slot oan it ein fan de oarloch by gefjochten wat skansearre, mar it koe al yn septimber 1945 wer foar in keunsttentoanstelling brûkt wurde.
It slot waard yn de DDR-tiid de offisjele sit fan presidint Wilhelm Pieck, dy't dêr gasten as Nikita Chrûsjtsjov en Hồ Chí Minh ûntfong. It amt fan presidint waard nei de dea fan Pieck yn 1960 ôfskaft en neffens it Sovjetske foarbyld ferfongen troch in steatsried. Oant 1964 bleau Schönhausen de wichtichste regearingsgebou fan de DDR, dêrnei waard it hûs brûkt foar gasten dy't in steatsbesite oan it lân brochten. Ta de lêste gasten yn de DDR-tiid hearden Michaïl Gorbatsjov en syn frou. Ek nei de Dútske ienwurding brûkte de bûnsrepublyk it gebou foar it húsfêstjen fan steatsgasten, lykas yn 1991 doe't keninginne Beatrix it lân besocht.
21e iuw
bewurkje seksjeIt slot waard op 24 juny 2005 troch it regear oerdroegen oan de stifting Preußische Schlösser und Gärten Berlin-Brandenburg. Der folge in restauraasje en op 19 desimber 2009 waard it iepene as museum. Yn it slot binne in tal romten út de tiid fan Elisabeth Christine wer yn oarder makke en fan weardefol rokoko-meubilêr foarsjoen.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Schloss Schönhausen
|