Labret

(Trochferwiisd fan Snakebites)

In labret (ôflaat fan it Latynske labrum, dat "lippe" betsjut) is in piercing dy't yn 'e ûnderlippe oanbrocht wurdt. Dat kin fuort ûnder de lipgrins dien wurde, mar ek in eintsje fierder nei ûnderen ta, tichter by it kin. Fierders kin it op in sintraal plak dien wurde (op 'e middelline fan it gesicht), mar ek oan ien fan 'e sydkanten. As men labretten oan beide sydkanten hat, sprekt men fan snake bites ("slangebyt").

In frou mei in labret.

Sieraden bewurkje seksje

Meastal wurdt troch in labret hinne in sieraad yn 'e foarm fan in steafke droegen, mar ôfhinklik fan it plak fan 'e piercing (d.w.s. as er ticht by de lipgrins sit) kin der ek in rinkje troch dien wurde, dat dan om 'e boppekant fan 'e lippe en troch de mûliepening hinne komt te sitten. In protte lju dy't in labret hawwe, kieze der lykwols foar in spesjaal saneamd 'labretknopke' yn te bringen. Dat is in steafke mei in knopke oan 'e bûtenkant en in plat rûntsje oan 'e binnenkant fan 'e mûle, sadat sa'n sieraad sûnder ûngemak droegen wurde kin.

 
In fertikaal labret.
 
Snakebites.

In resinte ûntwikkeling is dat in labret soms fertikaal troch de ûnderlippe oanbrocht wurdt, sadat de iene iepening lykas al beskreaun ûnder de lipgrins yn it gesicht sit, wylst de oare oan 'e boppekant fan 'e lippe sit. Op dy wize befynt it sieraad dat dertrochhinne droegen wurdt him hielendal net yn 'e mûle.

Sûnensrisiko's bewurkje seksje

In labret bringt beskate risiko's mei en kin de tosken en it toskfleis skansearje. Sokke skea kin him uterje yn 'e foarm fan it stadichoan (nei't der in skoftke in sieraad troch in labret droegen is) fuortskuorjen fan it toskfleis dat him efter de binnenkant fan 'e piercing befynt. Dy skea is permanint, want it toskfleis groeit net werom, ek net as it sieraad foargoed ferwidere wurdt. Skansearre toskfleis kin nei ferrin fan tiid ek sear begjinne te dwaan, mar as it safier komt, dan is it al te let.

 
In frou fan 'e Afrikaanske Moersy-stamme mei in houtlippe.

Lju dy't dochs in labret pleatse litte wolle, kinne har foar minimalisearring fan sokke skansearrings it bêste troch in profesjonele piercer advisearje litte. De piercing moat ek altyd makke wurde troch sa'nent, om ûnnedige skea oan senuwen en bloedfetten foar te kommen. De genêzingstiid fan in labretpiercing bedraacht likernôch trije oant seis wiken.

Skiednis bewurkje seksje

It hawwen fan in labret dêr't in sieraad trochhinne droegen wurdt, kaam al sûnt teminsten 2000 f.Kr. foar by beskate Yndiaanske folken út it Amerikaanske Noardwesten, Britsk-Kolumbia en Súdeast-Alaska, dêr't it in statussymboal wie. Tsjin 'e tiid dat de earste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers dy krite oandiene, hiene bygelyks in protte froulju út 'e Tlingit-hegerein in labret.

It is mooglik om it gatsje fan 'e labretpiercing op te rekken troch in proses dat mei in Ingelsk wurd stretching neamd wurdt. Dêrtroch kin nei ferrin fan tiid in lippluch pleats wurde. Tradisjoneel komt dy praktyk foar by beskate Afrikaanske folken, mar ek by guon Yndiaanske stammen út it Amazônegebiet fan Súd-Amearika. It oprekken fan in labret is dreger en duorret in stik langer as itselde proses by in earlel. By it pleatsen fan 'e wat tsjûkere pluggen wurdt dan ek gauris keazen foar it meitsje fan in sneed yn 'e ûnderlippe. As dy genêzen is, kin ek dat gruttere gat wer oprutsen wurde. Uteinlik drage lju dy't dat dogge faak in platte houtene pluch ter grutte fan in hânpalm of noch grutter troch de (troch it gewicht ôfhingjende) ûnderlippe. Dit ferskynsel wurdt ek wol in houtlippe neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.