Spoarsykjen
Spoarsykjen is in aktiviteit wêrby't men in spoar folget, mei as doel om 'e ein of de feroarsaker fan it spoar te finen. Men kin in spoar ek weromfolgje nei it begjin. It wichtichste ûnderdiel fan spoaren binne printen yn of op 'e grûn, makke troch de fuotten fan minsken, de poaten fan bisten, oare lichemsdielen (lykas by slangen de búk), of troch oare dingen, lykas de tsjillen fan ferfiermiddels.
Dêrnjonken hearre ek oare bewizen fan it foarbygean fan in minske of bist ta it spoar, lykas ombûgd gers, ôfbrutsen tûkjes, territoriale markearrings mei urine of klaumerken, efterlitten kjitte en eventueel ferlerne drippen bloed. Spoarsykjen wurdt gauris dien yn it ramt fan 'e jacht, om fuortflechte oansketten wyld werom te finen, en op it mêd fan 'e ekology, om kennis te fergearjen oer de libbensomstannichheden fan 'e ûndersochte bisten.
Immen dy't him- of harsels yn 't bysûnder talein hat op it mêd fan spoarsykjen is in spoarsiker. Benammen saneamd 'primitive' folken, dy't deunby de natoer steane en noch net sa lang lyn in jager-sammelderkultuer hiene, bringe treflike spoarsikers fuort. Men kin dan tinke oan 'e Yndianen fan 'e Amearika's, de Aboriginals fan Austraalje of de San fan Súdlik Afrika. Oan in spoar kin in spoarsiker bygelyks sjen oft de feroarsaker kalm rûn of draafd hat, oft er kreupel is en hoe âld oft er rûchwei is. As in spoarsiker tige goed is, kin er oan 'e hân fan it efterlitten spoar soms ek foarsizze wêr't de feroarsaker hinne giet, wêr't er him op dat stuit befine moat of wannear't er weromkomt.
Spoarsikers wurde ek wol ynset troch de plysje om sochte kriminelen of weirekke bern of oare fermiste persoanen op te spoaren. Ek de striidkrêften (benammen kommando-ienheden) en feilichheidstsjinsten meitsje gebrûk fan spoarsikersfeardichheden om fijannen weromfine te kinnen yn wâld, woastyn, bergen of oare ûnherberchsume gebieten. Ek by de paadfinerij is spoarsykjen in aktiviteit wêrfan't de leden de basisfeardichheden bybrocht wurde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |