Sprinkhoanmûzen
De sprinkhoanmûzen (wittenskiplike namme: Onychomys) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e mûzen en jerboä's (Myomorpha), de boppefamylje fan 'e mûzen en rotten (Muroidea), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ynformele groep fan 'e mûzen en rotten fan de Nije Wrâld, de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae) en de tûke fan 'e hartemûzen (Reithrodontomyini). Ta dit skaai hearre trije soarten wrotmûzen, dy't foarkomme yn 'e Feriene Steaten en Meksiko. Sprinkhoanmûzen steane derom bekend dat se lidpoatigen lykas skorpioenen en tûzenpoaten ite dy't tige giftich binne.
Sprinkhoanmûzen | ||
In sprinkhoanmûs fret in toarre op. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | kjifdieren (Rodentia) | |
ûnderskift: | mûzen en jerboä's (Myomorpha) | |
boppefamylje: | mûzen en rotten (Muroidea) | |
famylje: | wrotmûseftigen (Cricetidae) | |
(ynformeel): | mûzen en rotten fan de Nije Wrâld | |
ûnderfamylje: | Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae) | |
tûke: | hartemûzen (Reithrodontomyini) | |
skaai: | sprinkhoanmûzen (Onychomys) | |
Baird, 1857 | ||
Skaaimerken
bewurkje seksjeSprinkhoanmûzen binne mar út 'e fierte besibbe oan 'e gewoane hûsmûs, en hawwe mear gemien mei oare wrotmûseftigen, lykas de fjildmûs en de rottekop. Se hawwe in kop-romplingte fan sa'n 8½-12 sm en in sturt fan trochinoar 2½-6 sm, dy't frij koart is yn ferhâlding ta it lichem. Sprinkhoanmûzen binne territoriaal en ferdigenje harren domein troch te spûkgûlen, krekt sa't wolven dat dogge. Harren territoaria hawwe trochinoar in oerflak fan 11 ha.
Sprinkhoanmûzen ûnderskiede har fan oare mûzen troch har iten; se frette nammentlik behalven ynsekten (lykas sprinkhoannen, dêrfandinne de namme), wjirms en oar lyts dierte, ek in soad giftige bisten, lykas fûgelspinnen, skorpioenen, tûzenpoaten en sels lytse slangen. Ek frette se wol oare soarten mûzen. Se beslûpe harren proai op deselde wize as dat in kat dat docht en skeakelje de skorpioenen út troch de sturt ôf te biten en spinnen en tûzenpoaten troch de senuwen nei de kaken troch te biten. Ek binne sprinkhoanmûzen ymmún foar ferskate soarten gif.
Skaai-opbou
bewurkje seksje
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|