Grutte of Sint-Martinustsjerke (Dokkum)

(Trochferwiisd fan St. Maartenstsjerke)

De Grutte of Sint-Martinustsjerke is in protestantske tsjerke yn Dokkum.

Grutte- of Martinustsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Dokkum
adres Merk 2
koördinaten 53° 19' N 5° 59' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Martinus
Arsjitektuer
boujier 1590
boustyl Lette gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 13155
Webside
Side PKN Dokkum-Ealsum
Kaart
Grutte of Sint-Martinustsjerke (Dokkum)
Grutte of Sint-Martinustsjerke

De earste stiennen tsjerke op it stee wie in tsjerke fan dowestien út de 11e iuw. Fan dat tsjerkje fan 16,5 by 5 meter is yn 't tsjerke mei grize tegels sichtber wêr't dy stien hat. Argeologysk ûndersyk wiisde lykwols út dat der op de terp meardere houten tsjerkjes stien ha. De tsjerke waard yn 'e 13e iuw troch in gruttere tsjerke ferfongen. Yn dy tiid hie Dokkum twa tsjerken. Tichteby stie nammentlik ek de abdijtsjerke, dy't yn 'e 12e iuw boud wie en yn 'e 13e iuw in 60 meter hege toer krige. De parochytsjerke wie oan Martinus fan Tours wijd, wylst de abdijtsjerke as patroanhilligen Bonifatius en Paulus hie.

Nei alle gedachten waard yn 'e jierren 1420 it koer ôfbrutsen en ferfongen troch it hjoeddeiske koer, dat oarspronklik in stiennen ferwulft krige. Ek hat der neffens fynsten in doksaal west om it koer fan it skip te skieden. Yn it jier 1580 ferovere de Filips greve fan Hohenlohe-Langenburg de stêd Dokkum foar Willem fan Oranje. Dat betsjutte foar Dokkum dat de besetting fan de Spanjerts oer wie en dat de grifformearde leare ynfierd wurde koe. Likernôch yn 'e selde tiid waard it noardlike skip oanboud. By dy bou waard û.o. it materiaal brûkt dat by de ôfbraak fan de abdijtsjerke nei de reformaasje frij kaam. [1].

Twa tsjerken

bewurkje seksje

De Abdijtsjerke wie eigendom fan it kleaster, dat ek oan de Merk stie. Nei de reformaasje kaam dy yn hannen fan de provinsje. Beide tsjerken wienen yn minne steat en brekfallich. Dokkum frege oan de provinsje jild foar de restauraasje. Nei in soad ûnderhannelingen waard besletten dat de Abdijtsjerke sloopt wurde moast en dat de lytse tsjerke yngreven restaurearre wurde moast. De stiennen dy't by dy restauraasje brûkt waarden, kamen foar it meastepart fan de Abdijtsjerke. De namme Lytse Tsjerke waard feroare yn De Grutte of Sint Martinustsjerke. De ferbouwing wie tusken 1588-1593. Tagelyk waard in konsistoarje oanboud.

Grêfstiennen

bewurkje seksje
 
Grêfstien yn de tsjerke: DEN 18 MAY STERF DEERBARE TRYN POPKE DR ZYN HVISFROV 1629 DEN 23 AVGUSTI STERFDE E BVRGEMEYSTER GABBE LeNS A° 1595

Inkele grêven yn 'e tsjerke binne wierskynlik setten by de ferbouwing. Dat is bekend woarn troch berekkening fan de grêven dy't út 1591 komme. In soad grêfstienen lizze noch altiten yn 'e tsjerke. Sa binne bygelyks de grêven te sjen fan Luitien Cornelis dy't ferstoar yn 1636. Nei de moard op Willem fan Oranje frege de republyk help oan Ingelân. Dy stjoerde yn 1584 Robert Dudley, de Earste greve fan Leicester mei 5000 soldaten. Syn komst wie gjin súkses. Hy waard fan fraude beskuldige en yn 1587 twongen Nederlân te ferlitten. De tsjerke hat grêven fan Ingelske en Skotske militêren dy't yn Nederlân mei de Greve fan Leicester kaam binne.

Restauraasje en ferbouwing

bewurkje seksje

Yn de Frânske besetting kaam de skieding fan tsjerke en steat. Dat hie yn 1799 gefolgen foar de tsjerke. De pastorij en it tsjerkegebou dy't steatseigendom wiene waarden eigendom fan de tsjerke. It wie foar de tsjerkemienskip swier om foar dizze gebouwen te soargjen, omdat der mear oan ûnderhâld dien waard. Yn 1856-1857 wie der in grutte restauraasje. Tusken 1964-1968 wie de lêste grutte ferbouwing. It hjoeddeiske uterlik is doe ûntstien. By dy ferbouwing waard ek archeologysk ûndersyk dien yn de tsjerke. Doe binne prachtige mozaykflieren fûn. Ek waarden yn dy tiid fûneminten fan de âlde Abdijtsjerke en de Abdijtoer fûn.

 
Haadoargel

Yn 1590 waard de preekstoel makke troch Jan Claessoan Kistemaker, mar nei 10 jier wie dy al slim ferfallen. Yn 1750 waard úteinlik besletten dat der in nije preekstoel komme moast. Dy preekstoel waard troch arsjitekt Sjouke Nooteboom betocht. Op 30 maaie 1751, earste Pinksterdei, waard er yn gebrûk nomd. Der waard in oargel yn 1688 boud troch oargelbouwer Helman út Grins. De oargelkast is noch altiten it orizjineel fan doe. Yn 1979 waard it âlde muzykynstrumint ferfongen troch in nijen-ien, makke troch oargelbouwer Flentrop út Zaandam. Safolle as mooglik is de styl fan Helman oanhâlden.

Hjoeddeisk gebrûk

bewurkje seksje

Tsjintwurdich tsjerkje de leden fan de PKN yn it gebou. Oant 2004 wie dit noch de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. De tsjerke is woansdeis en sneons iepen foar publyk en alle sneinen wurde der tsjinsten hâlden. De akoestyk fan de tsjerke is goed, dêrom wurde der faak konserten jûn.

500 jier reformaasje

bewurkje seksje

Yn it ramt fan de fiering fan it 500 jierrich jubileum fan de reformaasje waarden op sneon 28 oktober 2017 tydlik njoggen stellings oer it kristen- en tsjerkewêzen oan de doar fan de Martinustsjerke hongen. Tagelyk waarden der oan de doar fan de Stadtkirche fan de Christophorusgemeente yn it Dútske Laage, dêr't de Dokkumer protestanten in nauwe bân mei hawwe, fiif stellings ophongen. De 9 en 5 stellings binne in ferwizing nei de 95 stellings dy't Maarten Luther 500 jier earder oan de Slotkapel fan Wittenberch slein hat.[2]

Yn it túntsje oan de súdkant fan de tsjerke stiet in iuwenâlde Swarte Moerbeibeam (Morus nigra). De beam waard yn 1750 set. Hy wurdt skoarre troch izeren peallen.[3]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Brosjuere fan de Grutte Tsjerke (dy 't yn 'e tsjerke oan besikers jûn wurdt)
  2. Frysk Deiblêd, 30.10.2017
  3. De Moerbeibeam by monumentaltrees.com