Stasjon De Haach Moerwijk

Stasjon De Haach Moerwijk (Gvmw) is in spoarweistasjon yn de stêd De Haach yn de provinsje Súd-Hollân en waard iepene yn 1996 oan de Alde line (Amsterdam Sintraal - Rotterdam Sintraal). It is in typysk foarstêdstasjon mei in tal abrys, in iepen fytsestalling mei fytsklûzen en der binne in pear parkearplakken oanwêzich. De twa eilânperrons binne berikber fia in tunnel. Der is ek in ienfâldich kwartrûn gebou mei romte foar twa loketten neffens it ûntwerp fan arsjitekt Hans Bak, mar de NS hat it gebou lykwols nea sels yn gebrûk naam. Yn maart 2013 binne de kappen boppe de treppen fanút de tunnel ferfongen troch opfallende oranje glêzen hokjes. De hokjes oerkapje net allinnich de treppen en de rûte nei de liften, mar tsjinje ek as abry.

Stasjon De Haach Moerwijk
station Den Haag Moerwijk
Stasjon De Haach Moerwijk yn 2017
Stasjon De Haach Moerwijk yn 2017
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente De Haach
plak De Haach
adres Hildebrandstraat 102
arsjitektuer
stasjonskoade Gvmw
type Trochgongsstasjon
iepening 2 juny 1996
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 4
spoarline Alde line
tramline  16 
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon De Haach Moerwijk (De Haach)
Stasjon De Haach Moerwijk

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
5000 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe Haach HSDe Haach MoerwijkDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakRotterdam LombardijenDoardt Rydt net yn it wykein en nei 20:00 oere jûns.
5100 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe Haach HSDe Haach MoerwijkDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakRotterdam LombardijenDoardt

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: