Stasjon Geleen-Lutterade

Stasjon Geleen-Lutterade (Lut) is in spoarweistasjon yn Geleen en waard iepene yn 1868 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). Yn dizze Limboarchske stêd is yn 1976 it tredde stasjonsgebou sûnt 1868 iepene.

Stasjon Geleen-Lutterade
station Geleen-Lutterade
3e stasjonsgebouw Stasjon Geleen-Lutterade yn 1991
3e stasjonsgebouw Stasjon Geleen-Lutterade yn 1991
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Limburch
Gemeente Sittard-Geleen
plak Geleen
adres Minister Ruysstraat 47
arsjitektuer
stasjonskoade Lut
type Trochgongsstasjon
iepening 25 april 1868
1 maaie 1949 weriepening
sluting 15 maaie 1938
boujier 1890 1e stasjonsgebou
1931 2e stasjonsgebou
1976 3e stasjonsgebou
sloopjier 1930 1e stasjonsgebou
1975 2e stasjonsgebou
2006 3e stasjonsgebou
arsjitekt 1890
ûnbekende arsjitekt
1e stasjonsgebou
1931
S. van Ravesteyn
2e stasjonsgebou
1976
C. Douma
3e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 1
perronspoaren 2
spoarline Steatsline E
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Geleen-Lutterade (Limburch)
Stasjon Geleen-Lutterade
 
2e stasjonsgebou stasjon Blerick yn 1970

It earste stasjonsgebou wie in lyts gebouke mei in wenning foar de stasjonssjef, letter waarden der tsjinstlokalen oanboud.

Yn 1930 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch in grutter gebou eins fjouwer geboukes mei in oerkaping op it perron nei ûntwerp fan arsjitekt Sybolt van Ravesteyn, dit gebou kaam yn 1931 ree. It stasjon waard yn 1938 sletten, mar op 1 maaie fan 1949 waard it stasjon weriepene.

It stasjonsgebou út 1931 waard yn 1976 ferfongen troch in nij gebou, bekend as Standerttype Sextant fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. It gebou waard yn 2006 ôfbrutsen en ferfongen troch in tal abry's.

It stasjon waard iepene yn ûnder de namme "Stasjon Geleen" mar doe't yn 1896 der in twadde stasjon iepene waard yn Geleen dat de namme Geleen-East krige waard de namme fan it stasjon feroare yn "Stasjon Lutterade". Yn 1954 waard de namme "Stasjon Geleen-Lutterade".

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
RS 12
32400
Stoptrein (Arriva) Maastricht RandwyckMaastrichtGeleen-LutteradeSittardRoermond

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: