Stasjon Rheden
Stasjon Rheden is in spoarweistasjon yn it Gelderske Rheden oan de Steatsline A tusken Arnhim en Ljouwert. It stasjon waard iepene yn 1882 en op 2 oktober 1927 waard it sletten. Op 18 maaie 1952 waard it weriepene as ferfanging fan stasjon De Steeg. De perrons lizze oan wjerskanten fan de oerwei mei de Groenestrjitte yn in saneamde bajonetlizzing.
Stasjon Rheden station Rheden | ||
Stasjon Rheden yn 2014 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân | |
Gemeente | Rheden | |
plak | Rheden | |
adres | Dr. Langemeijerweg 16b | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Rh | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1882 18 maaie 1952 | |
sluting | 2 oktober 1927 | |
boujier | 1952 | |
sloopjier | 2007 | |
arsjitekt | Koen van der Gaast | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline A | |
831 (2018) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt troch arsjitekt Koen van der Gaast ûntwurpen stasjonsgebou út 1952 stie by de oerwei op it perron rjochting Sutfen. It wie in ienfâldich rjochthoekich gebou mei loketten, in bagaazjepot en in fytsestalling. De treinreizger koe it stasjonsgebou net binnen komme, mar waard wat beskerme tsjin de waarsynfloeden troch in grutte luifel. Al rap die bliken dat de ynpannige fytsestalling te lyts wie en der waard begjin jierren sechtich in nije stalling boud yn it ferlingde fan it stasjonsgebou. De âlde fytsestalling waard ferboud ta oerdutsen wachtromte. Yn 1969 waard it loket sletten en it gebou ferhierd oan in drukkerij. De reizger moast in kaartsje keapje yn 'e trein. Yn de jierren tachtich waard it loket wer iepensteld, mar yn 1997 definityf sletten en ferfongen troch in kaartautomaat. It stasjonsgebou is yn desimber 2007 diels ôfbrutsen. It part fan de eardere fytsestalling is stean bleaun en wurdt brûkt troch in fytsehanneler.
Frachtstasjon
bewurkje seksjeRheden koe ek in eigen frachtstasjon, Rheden GE. Dit lei in lyts stikje foarby it reizgersstasjon yn de rjochting fan Dieren. Der bestiene hjir bedriuwsoanslutings nei de fabriken fan de Meteoor (betonprodukten), Thomassen (motoaren) en Hermes (stiel). It frachtstasjon is yn 1984 sletten.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
7600 | Sprinter (NS) | Wijchen – Nimwegen – Arnhim Sintraal – Rheden – Stasjon Sutfen |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|