Stasjon Sint-Jabik
Stasjon Sint-Jabik is in earder treinstasjon yn Sint Jabik, lizzend oan it spoar fan Stiens nei Harns, it stasjon waard iepene op 2 desimber 1902, type: NFLS 1e klasse. Mar troch it lege oantal reizgers dat it spoar brûkte sluet it stasjon al wer (foar persoaneferfier) op 1 desimber 1940.
Nei dizze sluting waard it net minder drok op dit stasjon, der waard noch altiten fracht ( benammen jirpels ) ferfierd oer dit Noard-Fryske spoar. Sint Jabik wie, nei it stasjon fan Stiens, it wichtichste stasjon op it spoar Stiens - Minnertsgea (wat wyls it einpunt wie). Doe't it persoaneferfier staakt wie, waard der sels ten suden fan Sint Jabik in nije ferbiningsbôge oanlein dy't oantakke op de tramline nei Berltsum, foar ûnder oare de pleatslike feiling, sadat it frachtferfier noch drokker waard op it spoar.
Sint Jabik hie ek in grut emplassemint, dêr't in soad bedriuwen neist leinen, inkelen hienen ek in eigen oansluting. Mar doe't de line nei Berltsum ôfsluten wie en in soad drokte út Sint Jabik wei nei Stiens oerpleatst waard, de Sied- en Poater Koöperaaasje (ZPC), kaam der minder frachtferfier op it spoar en waard dy yn 1971 sluten en dêrmei ek it frachtstasjon fan Sint Jabik. It stasjonsgebou sels is trouwens yn 1960 al sloopt. Yn 1980 is it heule spoar Stiens - Minnertsgea opbrutsen.
Sint Jabik hie noch in stasjon, Stasjon Sint-Jabik-Súd, dit wie in tramstasjon fan de NTM, en lei oan de tramline Sint-Jabik - Ljouwert.
Dit stasjon is boud nei it stasjonsûntwerp mei de namme Standerttype NFLS, dat benammen brûkt waard foar stasjons yn Fryslân. It stasjon yn Sint Jabik foel binnen it type NFLS halte 1e klasse.