Fatikaanstêd

(Trochferwiisd fan Steat Fatikaanstêd)
Santa Sede
Stato della Citta del Vaticano
Flagge fan Fatikaanstêd Wapen fan Fatikaanstêd
Flagge Wapen
Lokaasje fan Fatikaanstêd
Offisjele taal Latynsk
Italjaansk
Haadstêd Fatikaanstêd
Steatsfoarm Teokrasy
Gebiet
% wetter
0,44 km²
-­%
Ynwenners (2019) 453 ynwenners op it grûngebiet
618 minsken mei steatsboargerskip
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei -
Lânkoade VAT
Ynternet .va
Tillefoan 379

Fatikaanstêd (Italjaansk: Città del Vaticano) is it lytste ûnôfhinklike lân yn de wrâld en foarmet it territoarium fan de Hillige Sit. Der wenje likernôch 1.000 minsken op in gebiet fan 0,44 km², mar der komme deis tûzenen toeristen. Fatikaanstêd sels wurdt hielendal omsletten troch de stêd Rome; ta it grûngebiet fan de steat hearre fierder inkele plakken yn Rome en it simmerferbliuw fan de paus yn Castel Gandolfo.

Nei it Romeinske Ryk kamen yn en om de stêd Rome de Pauslike Steaten op. Yn 1797 besetten de Frânsen it noardlike part fan de Pauslike Steaten, in jier dêrnei wiene de Pauslike Steaten hielendal beset. Yn 1800 krigen se harren ûnôfhinklikens werom, mar waarden yn 1808 op 'e nij troch de Frânsen beset. Yn 1815 waard by it Kongres fan Wenen besletten dat de Pauslike Steaten harren gebiet fan 1797 weromkrije soene. Lykas yn oare lannen kaam it yn de Pauslike Steaten yn 1849 ek ta in revolúsje, wêrby't de Roomske Republyk útroppen waard. Mei help fan Frankryk en Spanje krige de Pauslike Steaten noch yn datselde jier harren macht werom. Yn 1866 waard twa tredde part fan de Pauslike Steaten ferovere troch it yn 1861 oprjochte keninkryk Itaalje, mar mei help fan Frankryk koe de paus Latium hâlde. Doe't de Frânsen har yn 1870 weromlutsen fanwege kriich mei Prusen, waard ek Latium troch it keninkryk Itaalje beset. De Pauslike Steaten mochten net langer mear bestean, mar de Hillige Sit mocht bliuwe en syn diplomatike saken ûnderhâlde. Sechtich jier lang wie de paus finzen yn it Fatikaan. Yn 1929 waard der in ferdrach tekene troch de paus en Mussolini. Neffens it ferdrach mocht de paus it lytse stik lân as ûnôfhinklike steat hâlde.

Yn 2019 wennen der sa'n 1.000 minsken binnen de muorren fan Fatikaanstêd.[1] De boargers fan Fatikaanstêd besteane benammen út geastliken, wêrûnder de preesters, susters en de ferneamde Switserske Garde. Hast alle ynwenners wurkje foar de Hillige Stoel. Der wurkje likernôch 3.000 leken, mar dy wenje net yn Fatikaanstêd. Alle meiwurkers fan it Fatikaan binne Katolyk.

Der bestiet in nasjonaliteit fan Fatikaanstêd, wêrtroch hege geastliken reizgje kinne mei in paspoart fan it Fatikaan en diplomatike status krije kinne yn lannen dêr't harren betrouwensbrieven akseptearre binne. Ein 2019 hienen 618 minsken de nasjonaliteit fan Fatikaanstêd. Hast al dy minsken hawwe in dûbele nasjonaliteit en hawwe harren oarspronklike nasjonaliteit behâlden. Hja krije de nasjonaliteit allinne troch naturalisaasje, net troch berte. De measte Italjanen dy't foar it Fatikaan oan it wurk binne hawwe net de nasjonaliteit fan Fatikaanstêd.

 
Jildautomaat mei ynstruksjes yn it Latyn.

It Fatikaan hat gjin offisjele taal. Oars as de Roomsk-Katolike Tsjerke, dy't meastentiids Latyn brûkt foar offisjele dokuminten fan de gesachhawwende macht, wurdt it Italjaansk meast brûkt as de wetjouwende taal en kommunikaasjetaal mei minsken en ynstânsjes bûten it Fatikaan. It Italjaansk is ek de deistige omgongstaal fan de measte minsken dy't arbeidzje foar de steat. Yn de Switserske Garde is Dútsk de kommandotaal, mar de yndividuele leden fan de Garde lizze de eed ôf yn harren eigen taal, it Dútsk, Frânsk, Reto-Romaansk of Italjaansk.

De offisjele hiemside fan Fatikaanstêd is yn it Italjaansk, Ingelsk, Frânsk, Dútsk en Spaansk te lêzen (dy side moat net betiisd wurde mei de hiemside fan de Roomsk-Katolike Tsjerke, dy brûkt njonken dy talen ek it Portegeesk, Latyn en Sineesk). De offisjele nijsside fan it Fatikaan is yn in hiel soad ferskillende talen fan oer de hiele wrâld.

 
De Sint Piter by it lemieren fan de dei.

Nijsgjirrige bouwurken binne de Sint Pitertsjerke, de Sikstynske Kapel en it Fatikaansk Museum. Lofts foar it Sint Piterplein rint in trep nei de Friezentsjerke.

In lân hat yn plysjetsjinst besteande út Switsers, de Switserske Garde, dy't in oerbliuwsel is fan it oarspronklike leger fan de Paus. Nei't sein wurdt, is it tradisjonele unifoarm fan de garde ûntwurpen troch Michelangelo.

It Fatikaan hat sûnt 1933 in eigen treinstasjon en 200 meter spoar. Foar persoansferfier waard it stasjon lykwols twaris brûkt, yn 1979 (nei it earstkommende stasjon yn Rome) en yn 2002 (nei Assisi) troch Jehannes Paulus II. Sûnt 2003 sit der in lytse winkel yn it stasjon. Fierders wurdt de trein allinnich mar foar guod brûkt. Oer it spoar stiet op de grins tusken it Fatikaan en Rome in grutte poarte. Yn it Fatikaan is in helikopterlâningsplak (Portus Helicopterorum op syn Latysnk). Der binne likernôch 50 strjitten yn it Fatikaan, wêrfan de Via del Pellegrino en de Via di Belvedere de grutste diken binne. Stopljochten ha se dêr net.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. CIA Factbook (sjoen op 12 july 2021)