Stedsk Muzykkorps Harmony
It Stedsk Muzykkorps Harmony (Nederlânsk en offisjeel: Stedelijk Muziekkorps Harmonie) is in muzykkorps yn 'e Fryske stêd Frjentsjer. Sa't de namme al seit is de feriening in harmonyorkest dat wijd is oan it meitsjen fan hafabra. Dêrby wurdt in breed rippertwaar spile, mei sjenres dy't útinoar rinne fan klassike walsen oant jazz en popmuzyk. It Stedsk Muzykkorps Harmony waard oprjochte yn 1854, en fiert sadwaande yn 2019 syn 165-jierrich bestean. Dêrmei is it it âldste muzykkorps fan Fryslân en ien fan 'e âldsten fan hiel Nederlân.
Stedsk Muzykkorps Harmony Stedelijk Muziekkorps Harmonie | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | hafabramuzyk | |
fêstige yn | Frjentsjer (Fryslân) | |
oprjochte | 1854 | |
offisjele webside | ||
www.harmoniefraneker.nl |
It Stedsk Muzykkorps Harmony wurket mei oan ferskate eveneminten yn Frjentsjer en omkriten. Sa spilet it elts jier by de Frjentsjerter fiering fan Keningsdei, en fierders by de PC, de Agraryske Dagen, de yntocht fan 'e Fjouwerjûnetocht (better bekend ûnder Nederlânske beneaming Avondvierdaagse) en ferskate oare festivals. Yn 2018 ferliende it Stedsk Muzykkorps Harmony dêrnjonken syn meiwurking oan it súksesfolle teäterstik Lost in the Greenhouse, dat yn it ramt fan Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 opfierd waard yn 'e kassen fan Seisbierrum.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|