Willem II fan Oranje-Nassau

(Trochferwiisd fan Steedhâlder Willem II)

Willem II fan Oranje-Nassau (De Haach, 27 maaie 1626 – dêre, 6 novimber 1650), prins fan Oranje en greve fan Oranje-Nassau, wie fan 1647 oant 1650 steedhâlder fan Hollân, Seelân, Utert, Gelderlân, Oerisel, Grinslân en Drinte. Hy wie de soan fan Freark Hindrik fan Oranje-Nassau en Amalia fan Solms. Hy troude yn 1640, doe't er fjirtjin jier wie, mei de (noch jongere) Ingelske prinsesse Maria Henriëtte Stuart, dy't him yn 1650 syn ienlingssoan Willem III skonk. Willem II is fral bekend wurde troch syn balstjurrich fanwegen kommen tsjin 'e grutste stêd Amsterdam, dêr't er yn july 1650 besocht om "de wet te fersetten", sa't dat yn dy tiid neamd waard (in steatsgreep te dwaan, yn modern taalgebrûk). Dy aksje mislearre lykwols jammerdearlik doe't syn troepen by nacht en min waar yn it Goai paadbjuster rekken, en de Amsterdammers sadwaande de tiid hiene om warskôge te wurden en har ta te rieden. Letter datselde jiers kaam Willem II mei 24 jier oan de pokken te ferstjerren.

Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Willem II fan Oranje-Nassau.